Earste stap tsjin eangst foar wolven? Lústerje, seit ûndersiker
Net mear op 'e fyts nei de toanielferiening doare, in kilometer fierderop, mar yn stee dêrfan de auto pakke. Jûns net sûnder de hûn it deistige rûntsje oer it hiem rinne.
Mear en mear minsken yn de Stellingwerven binne benaud foar de wolf. De eangst spilet sa'n grutte rol dat se har libben derop oanpasse.
Eangst foar de wolf yn de Stellingwerven
Sûnt de wolf werom is yn Nederlân, krijt it bist in hieltiten minder imago. Foaral omdat er it foarsjoen hat op fee, mar ek omdat minsken benaud binne dat sysels oan bar komme.
Sosjaal wittenskipper Maarten Jacobs fan de Wageningen Universiteit fynt dat we dy eangst serieus nimme moatte.
Wêrom binne minsken benaud foar de wolf?
Der binne ferskate meganismen dy't eangst feroarsaakje kinne, seit Jacobs. Minsken soene troch de evolúsje in oanberne eangst foar grutte rôfbisten ha kinne, mar ûndersyk hat dat noch noait oantoane kinnen.
Mocht it dochs sa wêze, dan is it de fraach oft it giet om puere eangst of in foarm fan spanning.
It is te fergelykjen mei in ritsje yn de achtbaan. Kinst benaud wêze om dêryn te gean, mar it kin tagelyk ek spannend wêze.
It ferskil tusken eangst en spanning sit him yn it fertrouwen datst hast yn in goede ôfrin.
Kinst echt benaud wêze datst derút falst en dat it net goed ôfrint. Of kinst deryn stappe mei it fertrouwen yn de bouwers fan de achtbaan.
Minsken kinne ek benaud rekke wêze troch in eardere negative ûnderfining. Bist bygelyks troch in hûn biten doe'tst trije wiest en bist dêrtroch benaud foar hûnen wurden.
Dyn brein hat dat dy oanleard en dat is dreech werom te draaien.
De wolf yn de sprookjes
Eangst kin ek kultureel oanleard wêze, troch bygelyks ferhalen. Yn sprookjes giet it geregeld oer 'de grutte boaze wolf'.
Yn it maatskiplik debat wurdt de eangst en de negativiteit geregeld oanwakkere. 'It Nederlânske folk is benaud foar de wolf', wurdt faak sein. Mar je kinne ek bliid wêze mei de wolf, en dêr is te min omtinken foar, fynt Jacobs.
It soarget foar blikfernauwing, en dat is neffens Jacobs problematysk.
Hoe geane je om mei de eangst?
Der wurdt te folle sjoen nei emoasjes, wylst minsken leare moatte soene hoe't se omgean moatte mei eangst dy't har remmet yn it funksjonearjen.
Yn Sweden geane minsken dy't benaud binne foar bearen de natuer yn, mei in ekspert en mei ien mei in gewear, om te learen har eangst yn de eagen te sjen.
Eangst foar de wolf yn de Stellingwerven
Doe't Omrop Fryslân mear en mear sinjalen krige dat minsken yn beide Stellingwerven echt benaud binne foar de wolvekeppel yn it Drents-Friese Wold, gie de redaksje de streek yn om mei de minsken dêr te praten.
We hearden dat se har manier fan libjen der tsjin wil en tank op oanpasse. Minsken dy't wend wiene om sûnder derby nei te tinken de natuer yn te gean, dogge dat net mear. De oanwêzichheid fan de wolf feroaret de mienskip.
Hjoed en snein steane we online, op radio en tv wiidweidich stil by de noed oer de wolf yn East- en Weststellingwerf.
Eangst foar de wolf is net samar fuort, seit Jacobs. Sizze dat it bist net gefaarlik is foar minsken helpt net as se der benaud foar binne.
It wurket net om de psychology fan de eangst te beäntwurdzjen mei it biologysk feit dat de wolf earder benaud is foar minsken as gefaarlik.
Lústerje nei it ferhaal
Jacobs pleitet derfoar om te lústerjen nei de minsken dy't yn har omjouwing te krijen ha mei wolven en dy't der benaud foar binne, yn stee fan mar wat te roppen oer elkoar.
Dat gebeurt fan beide kanten, troch tsjinstanners, mar ek troch foarstanners fan de wolf. Biologen en ekologen soene net oer minsken oardielje moatte dy't noed ha oer de wolf.
Oerheden soene ek mear lústerje moatte, fynt Jacobs. Wat no bart is dat se faak mei oplossingen komme: in wolfkearend stek, bygelyks.
Mar oerheden soene ek freegje kinne: wat hast fan ús nedich?
De wolf is beskerme, oerheden meie him net bejeie, mar se soene minsken yn elts gefal de fraach stelle kinne: wat kinne we foar jim betsjutte?