Folle ôfdielingen en siik personiel: Fryske sikehûzen fernimme gefolgen grypweach
Nederlân sit sûnt ein jannewaris yn in grypepidemy. Dat fernimme se by de Fryske sikehûzen: mear bêden as oars binne beset troch minsken mei grypklachten.
By de Fryske dokterswacht en it Frisius MC yn Ljouwert soarge it firus dit jier al foar útfal yn it personiel en dus foar ekstra drokte.
Dêrnei naam ek de tastream fan pasjinten mei klachten dy't mei gryp te krijen ha ta.
Yn it MCL moasten pasjinten ferline wike al in nacht trochbringe op de spoedeaskjende help. De sikehûzen fan Ljouwert en It Hearrenfean seine doe dat se de situaasje noch krekt oankoene, mar dat it wol spannend wie.
It sikehûs lit witte dat de situaasje dizze wike behearskber is. De druk op de bêden is yn Ljouwert en op It Hearrenfean ôfnaam, al is neffens Frisius MC wol dreech te sizzen oft se it slimste al hân hawwe.
Yn it sikehûs mei gryp
De measte minsken dy't gryp krije, wurde dêr út harsels wer better fan. Guon minsken binne kwetsberder en kinne troch in ynfeksje mei in grypfirus yn it sikehûs bedarje.
It giet dan ûnder oaren om minsken dy't fanwegen harren leeftiid yn de risikogroep falle, mar ek minsken dy't in onkologyske behanneling ûndergeane, kinne botter rekke wurde troch in gryp.
De gryp hat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ek yn de greep. Se hawwe dêr in spesjale ynfluenza-ôfdieling mei op dit stuit acht bêden. "We zien dat die nog vol liggen", lit wurdfierder Ellen de Jong fan it sikehûs witte.
Twa wiken lyn telde dyselde ôfdieling noch tsien bêden. "Dus we hebben wel afgeschaald, toch zijn we erg voorzichtig."
Njonken de acht pasjinten op de spesjale ôfdieling lizze der noch in oantal oare pasjinten yn it sikehûs mei gryp.
"Het kan zijn dat ze hier voor een andere behandeling moeten zijn en wel griep hebben. Of het kan zijn dat iemand op een andere afdeling beter geholpen kan worden."
Mear grypgefallen troch corona?
It tal grypgefallen leit op it heechste nivo yn fiif jier. Neffens húsdokter en foarsitter fan de Fryske Húsdokterferieining Mirjan Talsma fan Burgum komt dat foar in part troch de coronaperioade. "Yn dy perioade kamen we net in soad by elkoar, dan kinne dy firussen har net rap ferspriede."
Foar de wjerstân is dat net geunstich. "As de antystoffen fierder fuortsakje, dan duorret it wer langer foardat wy dy firussen werkenne en wer oan it wurk geane."
Lykas yn de oare sikehûzen hat Nij Smellinghe te krijen mei útfal fan personiel troch gryp. De Jong sjocht dat op it heden mear minsken thús bliuwe moatte.
"Met de flexibiliteit van onze medewerkers kunnen we het nu opvangen, maar het is kwetsbaar. Het is en blijft uitdagend."
Yn Snits is de situaasje ferlykber. "Wy hoege op dit stuit gjin soarch ôf te skalen troch de gryp", seit Denise Losper fan kommunikaasje fan it Antonius Ziekenhuis.
It sikehûs hat gjin spesjale grypôfdieling ynrjochte, mar "klusteret" de gryppasjinten wol, om fierdere fersprieding foar te kommen. Fan de achttjin bêden dy't yn dat kluster beskikber binne, binne noch in oantal frij.
"Op personielsgebiet is der wol in protte gryp", sjocht Losper. "Mar it is net sa dat we ôfdielingen net mear oereinhâlde kinne."
Losper seit dat ek de thússoarch gjin problemen hân hat fan de gryp. "Wy binne de pyk oant no ta goed trochkommen. Troch goed oerlis hâlde we it oant safier goed ûnder kontrôle."
De trije sikehûzen doarre net te sizzen oft de pyk yn it oantal grypgefallen al berikt is. Se hâlde allegearre hoe dan ek rekken mei it senario fan noch mear gryppasjinten.
"Je ziet wel iets van afname, maar het kan ook zo gaan pieken. We hebben de flexibiliteit om het aantal bedden dan uit te breiden", seit De Jong fan Nij Smellinghe.