Spoedeaskjende help Fryske sikehuzen geregeld foar koarte tiid ticht

Spoedeisende Hulp yngong Sikenhus Antonius
Yngong fan de spoedeaskjende help fan it sikehûs yn Drachten © Omrop Fryslân
Pasjinten kinne in pear kear yn de wike net terjochte op de spoedeaskjende help fan trije fan de fjouwer Fryske sikehuzen. "Dat klinkt misschien raar, maar is noodzakelijk om de kwaliteit van de zorg te waarborgen", seit dokter Lot van Rassel.
It binne de sikehuzen fan Snits, Drachten en It Hearrenfean dy't it faakst foar koarte tiid ticht moatte. It giet dan om in sluting fan maksimaal twa oeren. Dat komt gemiddeld in pear kear yn de wike foar. It MCL yn Ljouwert hie ferline jier tsien kear sa'n situaasje.
Foar minsken dy't akút help nedich ha is altyd plak. It giet dan om minsken mei bygelyks in swiere ferwûning of in hertoanfal.
Planning MCL SEH
De spoedeaskjende help yn it MCL © Omrop Fryslân
"Een time-out roepen wij uit als het óf helemaal vol ligt op de spoedeisende hulp, óf als er zulke zieke patiënten zijn dat wij geen handen meer hebben voor andere patiënten", seit Van Rassel. Sy wurket op de spoedeaskjende help fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.
Niet alle patiënten kunnen dan de zorg krijgen die ze verdienen.
Dokter Lot van Rassel oer de problemen by drokte
It is dan de trochstream fan pasjinten dy't stûket, seit Van Rassel. "Niet alle patiënten kunnen dan de goede zorg krijgen die ze verdienen. In overleg met de huisarts bepalen we dan wat de beste oplossing is."

Drokke mominten

Alhoewol't der in grut tekoart is oan kwalifisearre ferpleechkundigen foar de spoedeaskjende help, hat it net fuort te krijen mei personielskrapte. It giet echt om de pykmominten yn de drokte.
Yn de fjouwer Fryske sikehuzen is gewoanwei genôch kapasiteit. Sa roppe se yn it Antonius fan Snits by sa'n driigjende situaasje fuort personiel op fan oare ôfdielings om te helpen.
Lot van Rassel, SEH-dokter
Dokter Lot van Rassel © Omrop Fryslân
Dat sikehûs MCL minder faak in 'time-out' hat, hat te krijen mei de omfang fan it sikehûs, mar ek mei de organisaasje. Dat seit Remko Seinstra, it haad fan de spoedeaskjende help yn Ljouwert.
"Wij zijn druk bezig geweest met de vraag hoe we kunnen zorgen voor een goede doorstroming. Lukt dat niet, dan vragen we de medische staf om ons te helpen om te kijken hoe we de patiënten zo snel mogelijk in de kliniek kunnen krijgen."

Gryp en Covid

Op it stuit is it hiel drok yn de Fryske sikehuzen. Der lizze in soad minsken mei gryp of covid. Ek dat hâldt de trochstream tsjin, seit Van Rassel. "Griep velt het meest de oudere mensen en die hebben vaak meer dan één probleem. Omdat het ziekenhuis mede daardoor ook al heel vol ligt, kunnen we ze na een behandeling op de eerste hulp daar ook niet kwijt."
Omdat it MCL in regiofunksje hat, is der altyd romte foar de swiere haastgefallen, lykas in hertoanfal. "Maar iemand met stabiele beenbreuk kan dan in overleg met de huisarts beter ergens anders naartoe, want die zal daar sneller geholpen worden", seit Seinstra.
Remko Seinstra MCL
Remko Seinstra © Omrop Fryslân
Dat oare plak is dan ien fan de oare Fryske sikehuzen. It doel is lykwols dat momint sa lang as mooglik út te stellen.
Der komt geregeld help fan ferpleechkundigen fan it MCL. Dêr wurde mear minsken oplaat as dat se fuort nedich ha. Dy wurde ûnderbrocht yn de regio.
Sa krije Nij Smellinghe en it Antonius help fan de ferpleechkundigen fan de Ljouwerter spoedeaskjende help. Seinstra: "Zo kunnen we elkaar helpen. Maar wat nog belangrijker is, is dat we van elkaar leren."