We sitte op it rântsje fan in grypepidemy: sa hâldsto it firus bûten de doar
Hieltyd mear minsken binne oan it kwakkeljen. Sterker, noch efkes trochhoastje en we sitte yn in grypepidemy. Mar is dat útsûnderlik? En hoe kinne we foarkomme om gryp te krijen?
Dikke kâns datst hieltyd mear gekuch en gesnotter om dy hinne hearst. Net sa gek, want de grypepidemy kloppet op de doar.
Ferline wike giene 51 op de 1.000 Nederlanners nei de dokter mei grypklachten. In wike dêrfoar wiene dat der 38.
Dit is it heechste nivo sûnt healwei maart ferline jier. Doe duorre de epidemy in goede twa moannen.
As it oantal persoanen mei klachten nei 58 tanimt, sprekke wy fan in grypepidemy. Tiid foar wat fragen oan Mirjan Talsma, foarsitter fan de Fryske Húsdoktersferiening.
In grypepidemy, hoe bysûnder is dat?
"Dat is net opfallend. It soe bysûnderder wêze as der in jier lang gjin grypepidemy wêze soe."
"Je sjogge faak dat de gryp op him hinne slacht yn de kâldere perioade. As de 'r' yn de moanne sit dus. Foaral yn desimber, jannewaris en febrewaris."
Wêrom wurde minsken dan flugger siik?
"Wy binne dan gefoeliger foar firussen. Dat hat meardere oarsaken. Sa groeie en fermannichfâldigje grypfirussen makliker yn kâlde omstannichheden."
"Dêr komt by dat we yn de winterperioade fysyk tichter opinoar sitte. Sa geane we yn in folle bus sitten, dêr't we gewoanwei de fyts pakke. En as wy op besite geane, sitte wy mei ús allen binnen, yn stee fan bûtendoar. De kâns op besmetting is dan grutter."
Soargje foar in sterk ôfwarsysteem. Dat kinst berikke troch in soad te bewegen, sûn te iten en goed út te rêsten.
"Dêrneist sitte in soad minsken wat minder yn harren fel om dizze tiid hinne. Ek dat kin de kâns fergrutsje op gryp. Je wjerstân is leger."
Hoe kinst de kâns op gryp lytser meitsje?
"Soargje foar in sterk ôfwarsysteem. Dat kinst berikke troch in soad te bewegen, sûn te iten en goed út te rêsten. Besykje dus genôch sliep te krijen."
"Hâld tagelyk de hygiëne skerp yn it each: bliuw de hannen waskjen. Gryp ferspriedt him troch dripkes. Dat kin troch it praten, hoastjen, ensafh."
"Dy dripkes draacht ien nammentlik oan dy oer, troch bygelyks te fûstkjen. Want ast dêrnei oan 'e noas of mûle sitst, kin it yn dyn systeem komme."
"En as je der echt alles oan dwaan wolle om gryp foar te kommen, dan moatte je minsken ûntrinne. Gjin besite of eveneminten. Mar dêr betelje je op mentaal flak mooglik in priis foar."
"Plus, as der oare minsken yn 'e húshâlding binne, kinne sy it fia oaren mei nei hûs nimme."
"Foaral jonge bern. Omdat sy minder faak siik west hawwe, binne harren antystoffen minder effektyf. Dêrtroch hawwe se faker gryp. En ast dan in klasse fol bern hast..."
"Ek de grypprik kin helpe. Mar dy jout likemin garânsje. Der binne nammentlik ferskate grypfarianten. De grypprik biedt beskerming foar in pear grypfirussen. It kin dus wêze datst in oar type yn dyn systeem krijst. Yn dat gefal wurde je dochs noch siik."
Wat is it ferskil tusken gryp en ferkâldheid?
"Yn tsjinstelling ta ferkâldheid, wurdt gryp feroarsake troch it ynfluenzafirus. Ast dat hast, geane der in pear dagen oerhinne foar de ferskynsels komme."
"Dy binne foar in grut part oars as by ferkâldheid. Tink dêrby oan: koarts, spierpine, rilje, pineholle en in drûge hoast. Je kinne dan soms wol twa wiken ûnder de pannen wêze."
"Hoe't je it rapst fan gryp ôf komme? It iennichste watst dwaan kinst, is útsiikje. Dus rêst nimme en harkje nei it lichem."