Omrop Fryslân

HEA! Wyldwest by de show Royal Friesian yn it WTC

HEA! Teksaanske Longhorns yn de arena
Dit jier is 'Amearika' it tema by de show Royal Friesian Live yn it WTC yn Ljouwert. Foar dizze gelegenheid sil in tal ymposante Longhorn kij fan de famylje Smink fan Baaium meidwaan. En it is allegear tige spannend.
Hynders binne te stjoeren, mar by dizze kij is dat noch mar de fraach. Der ha wol oefenmominten west, mar op sa'n jûn is it allegear oars, mei publyk, muzyk en ljocht, en dus ekstra spannend. Freark Smink sil tusken de kij rinne en in ferhaal dwaan. Dat is net oefene en likegoed Freark as de famylje Smink stoarte harren yn dit aventoer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.