HEA! Achter de skerms by de jubileumshow

HEA! Jubileumshow Wettersicht
"In eare om mei te riden en in feest om derby te wêzen." Dat fynt Gert van Dijkhuizen fan Stal fan Wettersicht oer syn dielname oan de jubileumshow fan it 145-jierrich KFPS.
Van Dijkuizen en partner Margriet Griffioen dogge mei harren Fryske hynders mei oan mar leafst fjouwer ûnderdielen fan it spektakel.
Earst mei Van Dijkhuizen mei syn Landauer en twaspan de muzikanten binnenride. Dêrnei dogge se tegearre op 'e sjees mei oan de Fryske Quadrille. Dan binne se noch ûnderdiel fan de optocht mei âld boere-ark mei de hynders der foar. En as lêste drave der noch fyftjin fôlen fan harren tagelyk yn de pyste.
Ek al is it achter de skerms wol spannend en somtiden hektysk, it pear genietet der enoarm fan.