HEA! Tsjalling de Boer mei seis jonge hynsten nei de keuring

HEA! Stal fan de Kadyk
Hy switchte fan oplieding feehâlderij nei hynstehâlderij en dat hie in soad sukses. Tsjalling de Boer fan Sint Jânsgea hat tegearre mei syn heit de Stal fan de Kadyk opsetten. Earst wie it noch pensjonstalling en it klearmeitsjen fan de hynders fan oaren foar de keuring. No hat hy ek syn eigen dekhynsten.
Syn hiele libben draait alles om de hynders. Dat firus hat er meikrigen fan syn heit. Syn âlders hiene al 40 jier in fokkerij en Tsjalling hat it oernaam, mei grut sukses. Underwilens is hy eigener fan Stal fan de Kadyk en by de grutte keuring sil hy seis jonge hynsten foarbringe.