Min waar mei Ald en Nij, foarseit Jan Jonkman: "Dat belooft net folle goeds"
Noflik waar om in fjoerpylkje ôf te stekken wurdt it alderminst, seit Jan Jonkman. De waarman ferwachtet in rûzige en stoarmeftige jierwiksel. Dit is syn foarsizzing foar Ald en Nij.
"Aldjiersdei wurdt suver in dei mei trije gesichten", jout Jonkman oan foar alle karbidknallers en fjoerwurkfeestgongers.
"We sette moarns útein mei bewolking, dêr't yn de rin fan de moarn sels noch efkes in spat strorein út falle kin. Yn de middei is it drûch, mar wol berûn. Moarns lizze de temperatueren om de 7-8 graden hinne."
As it gebietsje mei storein wer fuort is, sakket de temperatuer efkes nei 4-5 graden. "Mar oan de ein fan de middei nimt de temperatuer wer ta oant 6-7 graden. Der stiet oerdeis in matige- oant krêftige súdwestewyn. Dêrtroch fielt it ek wat kâlder oan."
En dan âldjiersjûn. It earste part fan de jûn ferrint noch drûch, seit Jonkman.
"De temperatuer leit om de 8 graden. Dan hellet de súdwestewyn al oan, wêrtroch't we yn it earste part fan de jûn al in krêft 4-5 boppe lân hawwe, mei útsjitters oant 6-7 yn it kust- en Waadgebiet."
Stoarmwyn en buien
Mar hoe komt it as de klok stadichoan yn 'e rjochting fan 00.00 oere tikt?
"As we nei de jierwiksel sjogge, dan hawwe we om in oere as 23.00 de earste buien al te pakken. Dan is it sa'n 9-10 graden. Mar der komt wol in krêftige oant stoarmeftige súdwestewyn te stean."
De wyn kin noch wolris in flinke spulbrekker foar fjoerwurkfanaten wurde. "It waait yn in krêft 5-6 boppe lân, mei útsjitters yn 7-8 en sels 9 yn it kust- en Waadgebiet. Dat belooft net folle goeds foar de jierwiksel."
Koade giel
Foar it Waadgebiet is sels koade giel ôfkundige op âldjiersjûn tusken 23.00 en 06.00 oere. It KNMI warskôget foar kâns op swiere wynstjitten, fan 75-90 km/oere.
Nijjiersdei dan?
It nije jier begjint neffens Jonkman dan ek rûzich en stoarmeftich.
"Want de wyn stiet der woansdei ek noch hieltyd. Dan binne der noch útsjitters yn krêft 9 yn it Waadgebiet en 7-8 de provinsje yn. Der komt in gebiet mei rein oer, dat woansdei de hiele dei nedich hat om oer te lûken. Dan kinne der de nedige milimeters falle."
In wiet pak foar de nijjiersdûkers dus, ek op it lân al. "It iennichste positive is dat de temperatuer op nijjiersdei sa'n 9-10 graden is. Mar de wyn spilet noch hieltyd de haadrol. Súdwest yn 6-7 boppe lân en útsjitters yn 9 yn it Waadgebiet."
2025 begjint dus mei stoarmige wynpûsten, al is it mei 10 graden wol sêft foar de tiid fan it jier.