Goede foarnimmens yn 2024? Mei dizze tips hâldsto it better fol

Goede foarnimmens? Menno Iedema jout in pear tips
Goede foarnimmens? Menno Iedema jout in pear tips © Leefstijlcoach Friesland
It jier begjinne mei goede foarnimmens. It is in nommel stribjen, mar in soad minsken hawwe de plannen nei in oantal wiken ek alwer oerboard smiten. Menno Iedema fan Drachten hat wol in pear tips.
Iedema is dosint lichaamlike opfieding, mar wurket ek as libbensstylcoach. Sûn libje spilet in grutte rol yn syn libben, mar dochs hat ek Iedema sels ek noch in goed foarnimmen.
"Ik wol wat mear krêfttraining dwaan", seit er. "Ik bin no 60 jier en as je wat âlder wurde, moatte je dat wol geregeld dwaan. Oars wurdt it allegeare minder."

Begjin mei it wêrom en hoe

Wa't goede foarnimmens écht oanpakke wol, kin it bêste earst betinke wat er berikke wol, seit Iedema.
"Wêrom wol ik dit eins? As it net goed yn de holle hast, wurdt it ek neat." Dêrnei is it in kwestje fan plannen meitsje en beslisse wannear'tst wat dochst.
Menno Iedema
Menno Iedema © Leefstijlcoach Friesland
Je kinne ek it bêste konkreet meitsje wat je feroarje wolle, seit Iedema. "Set it op papier of praat der mei ien oer. Plan yn watst no oanpakke wolst. Ast mear rêst wolst, bedoelst dan mear sliep? Of wolst minder op de mobyl? Wolst mear lêze?"
Dêrnei moatst skerp meitsje wannear'tst krekt begjinst. "Oars komt it der gewoan net fan."

Haw geduld

Iedema fernimt dat in soad minsken oplossingen foar de koarte termyn wolle. Mar faak freget in echte oanpassing fan de libbensstyl mear geduld.
"Minsken komme yn diëten terjochte, wêrby't se koartduorjend wat gewicht kwytreitsje. Mar dat is op de langere termyn net sa tûk", seit er.
"De bekende 'dry january' is ek soks. It is in goed inisjatyf op himsels, mar je hâlde allinne tydlik op. Nei in moanne tinke je: no kin ik wol wer rêstich begjinne. Mar dat ferfalt faak gau yn wat je altyd diene."
Damwâld rint noch net al te bot waarm foar goede foarnimmens
Gewicht kwytreitsje kin better stadichoan en stap foar stap. "Je moate altyd mei lytste stapkes begjinne. It giet minsken faak net hurd genôch, mar op de lange termyn wurde je gewoan sûner. Je fiele je better en hâlde it dêrtroch ek langer fol."

Sykje it leuke op

In oare falkûle is it lizzen fan de klam op it negative. "Ik mei net mear smoke, ik mei gjin sûkelade mear ite; as je sa tinke, wurdt it in rôze olifant, dan tinke je allinne dêr noch mar oan. Je moatte betinke wannear't je it wól meie."
Op de langere termyn hat dat mear effekt. "Ast minder alkohol drinke wolst, tink dan: op dit stuit drink ik alle dagen noch twa gleskes, mar fan takom wike ôf drink ik allinne yn it wykein noch twa gleskes. Dan hat it lichem ek efkes de tiid om him oan te passen."
In lêste tip is: sykje út wat dy enerzjy jout. Foar de ien is dat sporten, foar de oar is dat mear lêze. Begjin mei in foarnimmen dat echt by dy past.
Nordic walking, goed foar liif en lea
Nordic walking, goed foar liif en lea © RTV NOF
Yn Damwâld kuierje twa froulju mei nordic walkingstokken it winkelsintrum fan it doarp troch. Ien fan har neamt dat ek as goed foarnimmen: "In protte rinne. Alle wiken trije kear." Sy is fan doel om troch te setten. "Dêr moatst al op rekkenje."
"Net mear drinke, net mear smoke en in protte rinne"
"Net mear drinke, net mear smoke en in protte rinne" © RTV NOF
Dochs fiele de measte foarbygongers yn Damwâld har wat te nochteren foar goede foarnimmens. "Dy haw ik net. Hoecht ek net: ik smook net, ik drink net, ik bin sûn genôch", sa ferklearret in man.
In oare frou fynt dat it dochs gjin nut hat. "Je kunt net zo goed in maart beginnen, dat heeft niets met 1 januari te maken", seit se. "Gewoan sûn bliuwe, dat is it alderbelangrykst", sa beslút in oar.