Ynspiraasje út alle hoeken fan de wrâld foar it LUNA-festival
It is miskien mar in lyts groepke fan keunstners dat media-art makket, mar de ynternasjonale útstrieling is der net minder om. Media Art Friesland, de organisator fan it jierlikse LUNA-festival yn Ljouwert, hat in breed netwurk opboud yn Europa.
By media-art kin it gean om foto- of fideokeunst, ljochtynstallaasjes of performances. Media Art Friesland stjoert jonge makkers nei ferskillende Europeeske lokaasjes. Dan gean se in skoft mei elkoar om foar ynspiraasje en om fan elkoar te learen.
Resint hawwe seis fan dizze keunstners presintearre wat se op dizze saneamde residinsjes opstutsen of kreëarre hawwe.
Media Art Friesland hat in breed netwurk opboud yn Europa
Maaike Meindertsma makke in fideo yn in iisfabryk yn Tunezië. Dêr wie ien fan de residinsjes. "Ik vind het altijd heel fijn om werk te maken in een nieuwe omgeving. Want als je thuis in je studio of atelier zit, dan komt de inspiratie soms niet. Vooral omdat ik veel werk in de omgeving. Als je op een nieuwe plek komt, dan zie je meteen allerlei nieuwe verbanden."
Maria Stuut docht performances. Se liet har ynspirearje troch It Amelân. Dêr filme se hoe't se yn in dún feroaret. Op in residinsje yn Spanje die se in soartgelikens projekt. "Ik houd op een bed van aarde siësta's, terwijl daar planten groeien. Elke dag lig ik daar dan een uurtje en dan groeien er planten rond mij."
Tips and tricks
Media Art Friesland hat kontakt mei ljocht- en mediafestivals yn hiel Europa. Dêrneist stjoere se Fryske makkers nei residinsjes yn ûnder oaren Denemarken, Tunezië, Italië en Spanje. Dat der in soad ynternasjonale kontakten binne, wylst it om in relatyf lyts groepke fan mediakeunstners giet, is neffens Baukje Huizenga fan Media Art Friesland net frjemd.
"Krekt omdat it in lyts groepke is, is der ferlet fan om ynternasjonaal mei elkoar yn de kunde te kommen. Om sa ûnderfiningen te dielen en 'tips and tricks' fan mekoar te krijen."
De mediakeunstners binne in wike oant somtiden wol in moanne út fan hûs en komme ek yn oanrekking mei keunstners fan oare dissiplines. Sa'n residinsje hoecht net altyd fuort in keunstwurk op te smiten. Guon dielnimmers dogge der ûndersyk dat nei dy tiid gewoan trochgiet, fertelt Huizenga.
Minsken fan Media Art Friesland gean sels ek nei de festivals dy't fergelykber binne mei it LUNA-festival, fertelt Huizenga. "We hawwe lêst noch nei Kroäsië en nei Ingelân west, yn Dútslân binne der in soad en yn Tunezië hawwe we fan it simmer meiholpen mei de opbou en mei de keunstners."
Op it kommende LUNA-festival yn jannewaris binne guon fan de wurken te sjen dy't ferline wike presintearre binne op in weromkomdei fan de makkers dy't op residinsje wienen.
Koffer yn de drek
Fan Maaike Meindertsma is dan in wurk mei in koffer te sjen. "Dat heb ik opgenomen in Bierum en in Tunesië. Eerst loop ik met een koffer door de drek en daarna juist in een hele droge omgeving. Beide hebben ze met water en zout te maken, alleen het klimaat in beide omgevingen is heel anders. De verschillende beelden met de koffer laat ik zien in één compositie."
Yn totaal dogge tritich jonge talinten mei út binnen- en bûtenlân. Der is in eksposysje yn it Stationskwartier fan 24 jannewaris oant en mei 9 febrewaris. En by LUNA-Nights is ljochtkeunst te sjen op ferskillende lokaasjes yn Ljouwert fan 30 jannewaris oant en mei 1 febrewaris.