LUNA Young Masters yn Ljouwert: in ljochtsjend foarbyld foar keunsttalint

Besikers by de eksposysje
Besikers by de eksposysje © Omrop Fryslân
Fjirtjin ynternasjonale, talintfolle ljocht- en mediakeunstners litte harren wurk sjen op Luna Young Masters. Mei dizze eksposysje is it Luna-festival yn Ljouwert iepene.
Ljocht, audio, fideo en AI, allegearre wurken en gearwurkingen fan nije makkers út Nederlân en lannen as Tunezië of it Feriene Keninkryk binne te sjen yn it Stationskwartier yn Ljouwert.
Luna Young Masters is in opstapke foar talintfolle ljocht- en mediakeunstners
Sangiorgio Blonk makke fan objekten in kapsule mei fideoskerms. "Het is een soort ruimtelijke collage van verschillende objecten die ik de laatste vijf jaar heb verzameld", leit hy út.
'Everything in the right place' fan Sangiorgio Blonk
'Everything in the right place' fan Sangiorgio Blonk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Het is een holletje, waar je binnenstapt. Voor je zijn dan zeven schermen waar je bijna elke dag van de laatste vijf jaar van mijn leven voorbij ziet komen."

Opstapke nei profesjonele festivals

Luna Young Masters kin foar dizze talinten in opstapke wêze nei grutte festivals. Lykas Luna Nights takom wike mei ljochtprojeksjes op Ljouwerter pleinen en gebouwen.
Anne Fie Salverda har ôfstudeerprojekt wie hjir yn 2018 en dêrnei gie se nei profesjonele festivals. "Het heeft mij veel gebracht", fertelt se.
"Luna heeft een heel groot internationaal netwerk, waardoor ook werk van mij in Tunesië en Duitsland is vertoond."
De Ljouwerter keunstner komt alle jierren werom nei Luna Young Masters en diskear fersoarge se mei har wurk 'Heksendans' de iepening fan de eksposysje.
Iepeningsprojekt 'Heksendans' fan Anne Fie Salverda
Iepeningsprojekt 'Heksendans' fan Anne Fie Salverda © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ljocht- en mediawurken foarmje in moderne keunstfoarm. It komt hieltyd mear yn de belangstelling, fernimt Stichting Media Art Friesland as organisaasje.
"By keunst tinke de measte minsken fansels oan skilderijen en stânbylden", seit Baukje Huizenga, haad produksje fan Luna Young Masters. "Mar wy geane mei de tiid mei en de moderne keunst kin ek makke wurde mei ljocht, lûd, audio en fideo. Dat is in ûnderdiel fan de takomst."
In optreden fan VIDEO BSTRDS
In optreden fan VIDEO BSTRDS © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De ynstallaasjes en wurken stean oant 11 febrewaris yn it Stasjonskertier en Luna Nights is 1, 2 en 3 febrewaris yn de binnenstêd en yn it Spoordokgebiet te sjen.