Ljouwert ljochtet wer op: tûzenen minsken nei LUNA-festival

Luna Nights
Ynteraktive ljochtkeunst yn de Blokhúspoarte © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Tûzenen minsken komme dizze dagen wer nei Ljouwert foar it LUNA-festival. Rûnom yn de stêd binne ljochtprojeksjes en ynstallaasjes mei lûd en byld te besjen.
LUNA Nights is somtiden ek ynteraktyf, minsken kinne dan sels de ljochtwurken betsjinje. Net allinnich yn de binnenstêd binne der ljochtkeunstobjekten, mar ek yn it Spoordokgebiet. Dêr is in winkelsintrum sloopt om plak te meitsjen foar in nije wenwyk.
Sa seach de earste dei fan it LUNA-festival derút
Dat wurdt dêr ôfbylde mei in animaasje mei lûd, projektearre op in muorre. Ajysk! is it wurk fan Ljouwerter animator Anne Fie Salverda en it LUNA Collective, de organisaasje achter it LUNA-festival. "Het werk is gemaakt om het oude winkelcentrum dat hier een jaar geleden nog zat aan de Snekertrekweg te vieren."
De organisaasje hat it kantoar op Stasjonswei 1 en it winkelsintrum sit op nûmer 2. "De buren werden gesloopt en daar wilden we dit werk van maken", leit Salverda út.

Takomstdream

De ynspiraasje komt fan de plannen fan de gemeente mei it Spoordokgebiet. Dy wol dat gebiet opnij ûntwikkelje en der ûnder mear wenningen delsette. De organisaasje boartet mei it idee oer hoe't it dêr oer fiif of tsien jier wêze sil.
De animaasje giet fan de supermerkprodukten nei de grutte bouput nei hoe't it dan wurde kin. In soarte fan artist-impression, mar dan mei ljochtprojeksje.
Luna Nights
Ajysk! animaasje fan Anne Fie Salverda achter de silhûetten fan de sloopkranen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Ik heb er zoiets van willen maken omdat ik zelf ook altijd mijn boodschappen daar ging halen", fertelt Salverda. "En ik ben ook goed in dromen over de toekomst, dus dit is wat er uit is gekomen."

Moving Heads

It tema fan it festival is Moving Heads. "Yn de ljocht- en evenemintebusiness binne dat fan dy hiele grutte lampen dy't meibewege en dy't je ynprogramearje kinne", leit Baukje Huizenga fan de organisaasje út. "Dat hawwe wy as titel keazen, omdat wy letterlik de minsken ta beweging komme litte by LUNA Nights."
Dat is goed fan tapassing op de ljochtskulptueren en soundscapes Bias fan de Roemeens-Hongaarse László Zsolt Bordos, fynt Huizenga. Syn keunstwurk is projektearre op it Paleis fan Justysje op it Saailân. "It is in dûns fan ljocht, muzyk en reek. Dêr bewege de hollen en de lampen."

Klaaiprojeksje

Efkes fierder, op it gebou fan Stasjonswei 1 is in live-projeksje fan klaai te sjen. Besikers knetsje yn klaai wat se sjen wolle en tagelyk is har kreaasje op de foargevel te sjen.
In soad belangstelling is der de earste dei by it Natuurmuseum. Dêr steane rigen minsken foar it ljocht- en muzykwurk Flux fan Collectif Scale út Paris. De bewegende eleminten dogge oan DNA tinken.
Luna Nights
Flux fan Collectif Scale yn it Natuermuseum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It fergeze LUNA Nights is freed en sneon noch yn Ljouwert. It LUNA-festival duorret noch oant 11 febrewaris mei de tentoanstelling fan Luna Young Masters en programma's mei workshops, in netwurkmiddei, moetings fan ynternasjonale media-artkeunstners, in temajûn en in slotfeest.