Omrop Fryslân

De sosjale Appie (11) út Strobos ferstoar ynienen: truckers meitsje eareparade

Appie by in frachtwein
© Famylje Bijlsma
Appie út Strobos wie noch mar 11 doe't er dizze wike ferstoar oan in epileptyske oanfal. Goed 160 frachtweinen foarmje saterdei in eareparade foar him. "Hij had het prachtig gevonden."
Appie wie sljocht fan frachtweinen. Hy hie syn takomst al úttekene: ik wurd frachtweinsjauffeur, en myn earste bierke drink ik mei de buorman. Mar dat mocht er net mear meimeitsje.
"Hij stond hier vaak bij de weg en deed dan een teken dat de chauffeurs moesten toeteren", fertelt syn mem Trientje Bijlsma oan de keukentafel. Achter har stiet in foto fan Appie op it strân fan It Amelân.
Heyco, Eline en Trientje Bijlsma
© Omrop Fryslân
Syn leafde foar trucks brocht âlden Heyco en Trientje Bijlsma derta om in oprop te pleatsen foar in bysûnder earbetoan. Frachtweinsjauffeurs kinne har opjaan om mei te riden yn in spesjale parade foar Appie.
Dat diene der op tongersdeitemiddei al 160. "Het is hartverwarmend", seit heit Heyco.

Epileptyske oanfal

Appie hie sûnt 2017 epilepsy. Foarige wike tongersdei krige er in tige swiere oanfal. Syn sus en heit fûnen him moarns op bêd. Reanimaasje troch syn mem, buorfrou en de helptsjinsten koe him net mear rêde.
Appie Bijlsma
© Omrop Fryslân
Syn dea kaam foar elkenien as in grutte skok. "Hij was de laatste weken vaker boos dan normaal", fertelt syn mem. "Toen heb ik het ziekenhuis gebeld en is zijn medicatie nog opgehoogd." Mar dat holp net tsjin dizze seldsume oanfal.

Soarchsum

De famylje komt yn in streamfersnelling terjochte. "Het is heel moeilijk, je wordt echt geleefd. Maar we gaan gewoon kerst vieren, hebben we al gezegd. Dat had Appie graag gewild."
Harren jonge wurdt foaral heugd as tige soarchsum. "Tegen iedereen zei hij 'goeiedag, eem', hij hielp ouderen met hun containers en was ontzettend sociaal."
Appie Bijlsma mei syn broerke en suskes
© Famylje Bijlsma
"Ik of mijn man hoefde maar thuis te komen en hij kwam eraan racen op zijn fietsje. Dan was het altijd heel vrolijk: 'hallo mama, hoe was het op je werk?' Nu nooit meer", seit se mei in snik yn har stim. "Het was gewoon een hele lieve jongen."

Stoet frachtweinen

De rûte fan de frachtweinen begjint saterdei om 09.00 oere yn Strobos. Dan rydt de stoet by Appie syn skoalle yn Drachten en de soarchbuorkerij op De Harkema del.
Twa oeren letter komt de stoet wer yn Strobos oan. De kist fan Appie wurdt ferfierd op de frachtwein dy't er sels it moaiste fûn. Dyselde dei wurdt ôfskied naam fan Appie, yn Gerkeskleaster.
Appie soe it prachtich fine, seit sus Eline. "Hij zou tranen in zijn ogen hebben, hij zou het echt heel mooi vinden. Bij elke vrachtwagen had hij een toeter willen horen. Vooral de toeter van 'Baby Shark' vond-ie prachtig. Een eigen truckshow voor Appie."
De famylje tinkt dat Appie neat hoecht te missen saterdei: hy sjocht fan boppe mei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.