Omrop Fryslân

Ynte Reitsma (18) fan Aldehaske ferstoarn, in wike nei parade fan frachtweinen

Ynte Reitsma
© Omrop Fryslân
Ynte Reitsma fan Aldehaske, dy't in seldsume enerzjystofwikselingssykte hie, is moandei op 18-jierrige leeftiid ferstoarn.
De sykte dy't Ynte hie, komt mar by tritich pasjinten op de wrâld foar. Ek Ynte syn broer hat de seldsume stofwikselingssykte.
Oardel wike lyn belibbe Ynte noch in bysûndere dei.
Omdat er de lêste tiid hurd achterút gien wie, hienen Ynte syn âlden alles yn it wurk steld en lit syn lêste winsk yn ferfolling gean. Ynte wie fassinearre troch frachtweinen.
Frachtweinen ride op en oan foar Ynte
Om dy reden die Ynte syn heit in oprop oan frachtweinsjauffers om syn soan in lêste groet te bringen. Dy oprop waard tûzenen kearen dield, mei as gefolch dat op 24 maai de hiele dei in stoet fan toeterjende frachtweinen troch Aldehaske luts.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.