Omrop Fryslân

Fryske mienskip is ien fan de sterksten, mar stiet ûnder druk: "Wy hawwe inoar hartstikkene nedich"

Stân fan Fryslân
© Omrop Fryslân
Yn Fryslân is it mienskipsgefoel miskien wol it sterkst. Benammen ast it útdrukst yn sifers lykas it oantal frijwilligers en minsken dat wol dat ferieningen bestean bliuwe. Dyselde sifers litte lykwols ek sjen dat de Fryske mienskip ôfbrokkelet.
De stân fan de mienskip yn Fryslân stiet sintraal yn de tredde ôflevering fan Stân fan Fryslân. Wat is 'mienskip', wat docht de mienskip en hoe folle is dêr oer tsien of tweintich jier noch fan oer?
Ymko Braaksma, ûndersiker Planbureau Fryslân
© Omrop Fryslân
Frijwilligers foarmje in wichtich ûnderdiel fan bygelyks it ferieningslibben. Yn Fryslân is dy groep grut. "Op it lêste peilmomint yn 2022 die 48 prosint fan de Friezen frijwilligerswurk", fertelt Ymko Braaksma, ûndersiker by Planbureau Fryslân. "Dat is in hiel heech sifer, it heechste persintaazje fan alle provinsjes yn Nederlân."
Plat besjoen is dat in posityf gegeven, seit Braaksma. "Mar je kinne der ek oars nei sjen. Tsien jier dêrfoar, yn 2012, die 58 persint fan de Friezen frijwilligerswurk."

Fergrizing en wenningkrapte

It hat neffens him ferskillende oarsaken: fergrizing hat der in rol yn, krekt as krapte op de arbeidsmerk. "Minsken wurde útdage om mear te wurkjen, dan bliuwt automatysk minder tiid oer om frijwilligerswurk te dwaan. Deselde prikel komt út de wenningmerk."
Foar it keapjen fan in wenning is hieltyd mear ynkommen nedich, redenearret Braaksma. "Dat kin der ek foar soargje der minder tiid is foar frijwilligerswurk."
Jannewietske de Vries, boargemaster Súdwest-Fryslân
© Omrop Fryslân
"Frijwilligerswurk is ien aspekt fan mienskip", reagearret boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân. "Ik sjoch bygelyks hieltyd mear boargerinisjativen en ûntwikkelingen yn enerzjykoöporaasjes. Dus it fynt ek wer oare foarmen."
Wy krije folle minder jild fan it Ryk en wy moatte dochs besykje om dy brede wolfeart en ús mienskiplike gelok oerein te hâlden.
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân
Fan de gemeente út is fasilitearjen en stimulearjen it doel, fertelt De Vries. Se sjocht lykwols dat dêr hieltyd minder jild foar is. "Foarsjenningen steane by ús boppeoan, dus as wy besunigje moatte dan sjogge we dêr net as earste nei."
"Mar wy krije folle minder jild fan it Ryk en wy moatte dochs besykje om dy brede wolfeart en ús mienskiplike gelok oerein te hâlden. Dêr ha wy inoar allegear hartstikkene by nedich."
Marjan van der Feen, direkteur versnellingsagenda Qop Noardeast-Fryslân
© Omrop Fryslân
Marjan van der Feen is direkteur fan de subsydzjeregeling Versnellingsagenda Noordoost-Fryslân. It is in plak dêr't minsken telâne kinne mei projekten dêr't se help en finansiering by sykje. Doel is om projekten op te setten dy't de lokale ekonomy fersterkje.
"De aginda giet oer ûndernimmerskip en it behâld fan banen yn de regio", leit Van der Feen út. "As banen ferdwine, dan hat dat in enoarme ympakt op de mienskip."

Rol fan mienskip yn previnsje

De sifers fan Planbureau Fryslân litte ek sjen dat in diel fan de Friezen noed hat oer de takomst fan ferieningen yn it doarp of de wyk. Boppedat hat benammen jongerein in protte stress (29 prosint). "En mear as fyftich prosint fan de jongfolwoeksenen hat in matich oant hege kâns op eangst en depresje. Dat binne grutte groepen."
Anne-Goaitske Breteler, antropolooch
© Omrop Fryslân
Anne-Goaitske Breteler stelt dat jeugd yn Fryslân en Grinslân in protte drinkt. "Relatyf it measte, op jonge leeftiid al. As dy gefoelens net goed utere wurde kinne en oaren kinne dat net opfange, dan bestiet bêst in grut risiko dat dat him ûntwikkelet ta drugs- of drankproblematyk."
Breteler is antropolooch en skreau ûnder oaren it boek De laatste dagen van de dorpsgek.

'Plattelân geheimsinniger'

"Ik ha mei in soad minsken praat dy't in rol hawwe as plysje of psychiater", seit Breteler. "Dy sizze dat se op it plattelân yn earste ynstânsje minder ekstreme gefallen sjogge as yn de stêden."
"Mar op it plattelân bliuwt alles mear ferburgen foar dy mienskip." Se tinkt dat nettsjinsteande yndividualisearring en sekularisaasje minsken noch benaud binne om bûten de mienskip te fallen.
Sjoch hjir de hiele ôflevering fan Stân fan Fryslân:
"Ik fyn dat wy as ûndersikers ek noch better begripe moatte wat mienskip krekt is en hoe't dy wurket, om bettere takomstplannen te meitsjen", seit Braaksma.
Hy tinkt dat de mienskip, yn de betsjutting fan nei-inoar omsjen, bydrage kin oan it foarkommen fan alderhande problematyk. "Ik tink dat it hiel relevant is foar previnsjebelied dat op dit stuit ûntwikkele wurdt, dêr't in grutte rol yn weilein wurdt foar de mienskip."

Mienskip yn de takomst

En hoe sjogge de gasten nei de stân fan de Fryske mienskip yn 2040? Van der Feen hopet foaral dat struktureel jild beskikber komt. "Foar spesifike doelgroepen, foar it ferieningslibben en de mienskip."
"Sjochst dat de mienskip hjir yn Fryslân op dit momint yn ferliking mei de rest fan it lân noch hieltyd sterk is", mient Braaksma. "Der is potinsje, mar wy moatte it net te romantysk meitsje."
Boargemaster De Vries hat der alle betrouwen yn dat de mienskip yn Fryslân sterk bliuwt. "Ik bin der echt fan oertsjûge dat wy ús hieltyd wer oanpasse oan nije omstannichheden en dat we dat wer útfine."
Loftfoto fan Moddergat
© Shutterstock
"Ik bin eigentlik as persoan ek best wol posityf", seit Moddergatster Breteler. "Ik tink dat Ymko en ik ek in foarbyld binne; wy hawwe fuortwest om te studearjen, mar binne wol wer weromkaam."
"Ik haw hiel sterk de bining mei it gebiet dêr't ik weikom, dat dat thús is. Ik tink dat dat ien fan de wichtichste basisprinsipes is om je gelokkich te fielen. En as dat dan noch fasilitearre wurde kin troch de gemeente of troch mooglikheden om dêr dyn wurk te dwaan, dan tink ik dat hieltyd mear minsken wer weromkomme."

Stân fan Fryslân

Stân fan Fryslân is in ekonomyprogramma fan Omrop Fryslân, dat yn gearwurking mei Planbureau Fryslân makke wurdt.
Online is de útstjoering fan Stân fan Fryslân no al te sjen. Dizze ôflevering is tiisdei om 17.30 op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.