Omrop Fryslân

Wêr't in lyts doarp grut yn wêze kin: de Gaastmarders hawwe in nij doarpshûs

Doarpsbewenners fan De Gaastmar
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Gaastmar telt net mear as sa'n 285 ynwenners. Mar hoe lyts oft it doarp ek is, sa'n ien op de fiif ynwenners holp mei oan it fernijen fan it doarpshûs.
It die foarsitter Gerard Burgers fan Stichting Us Doarpshûs goed doe't er in wike lyn al dy frijwilligers byinoar seach.
"Daar werd ik emotioneel van. Om die groep voor je te zien die hier allemaal aan hebben meegewerkt, dat is echt top."
It doarpshûs is no folle mear iepen
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ofrûne wykein waard it fernijde doarpshûs iepene. Fansels spilen ek betelle krêften in wichtige rol by it ferbouwen. Mar wannear't sa'n grut fan it doarp ek frijwillich meihelpt, falt dat op.
Us Doarpshûs yn De Gaastmar
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sa'n 65 frijwilligers wiene aktyf belutsen by de fernijing. De lêste ferbouwing wie al sa'n tritich jier lyn en it doarp woe graach in duorsumer gebou.
It resultaat kin bêst besjen lije. Al is it allinnich mar omdat it gebou folle iepener wurden is, sadat je folle better fan binnen nei bûten sjen kinne en oarsom.
"Het gebouw was op en voldeed eigenlijk niet meer aan de behoeften van de maatschappij voor een laagdrempelig gemeenschapshuis in een relatief kleine gemeenschap, ver weg van alle voorzieningen", seit Burgers.
Alderein docht bûten oefeningen neist it doarpshûs
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It doarpshûs draait folslein op frijwilligers. Oan it gebou sit al langer ek in lytse winkel fêst, dy't de fêste leveransier is fan it doarpshûs.
It ferboude doarpshûs fan bûten
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mei it nije doarpshûs moat de Gaastmarder mienskip wer in moai moetingsplak hawwe. Dat is foar it doarpke fan libbensbelang, want yn 2017 sleat de basisskoalle. In "aderlating", sa't foarsitter Burgers it neamt.

Leefberens

Hoewol't De Gaastmar gjin skoalle mear hat, bliuwt it bysûnder dat it noch wol in winkel, in herberch en no in nagelnij doarpshûs hat. Want yn in soad doarpkes stiet de leefberens ûnder druk.
De ferieningen fan De Gaastmar, lykas de biljertklup, de âldereinferiening en de fanfare, bliuwe foarearst wis fan in dak boppe de holle.
Seilmakker Frie Smeele hat it tapyt lein
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Het was een naar binnen toe gekeerd pand. Dus donker", seit Burgers. "En het was alleen maar geschikt voor evenementen, het biljarten en er was een bar."
Dat koe better, fynt er. "Het ontbrak aan gezelligheid en transparantie. Dus we hebben het dorpshuis van binnen naar buiten gekeerd."

Help fan alle kanten

In hieltyd grutter wurdene groep frijwilligers holp mei oan it timmerjen, skilderjen en ynstallearjen.
Der is in bar pleatst en it omlizzende terrein is op 'e nij befluorre. It stik dat der by kaam, is ljocht en transparant wurden.
Boufakker Siemen Terpstra hat him ûnder oare dwaande holden mei it houtwurk
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Boufakker Siemen Terpstra, en mei him mear fan de famylje Terpstra, is ien fan de frijwilligers dy't yn it gebou oan it wurk west hat.
Mar hoefolle oeren oft dat west hawwe? "Dat wit ik net. Miskien wol 80, mar mooglik ek wol 100 of 120."
De ferbouwing koste al mei al sa'n 700.000 euro. Der kaam jild by ûnder oare fûnsen en de gemeente wei. "We hebben de tijd wel mee gehad", jout Burgers ta.
Frijwilligers Thijs van Barneveld en Ton Brundel hawwe de bar makke, rjochts stiet Gerard Burgers fan Stichting Us Doarpshûs
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Seilmakker Frie Smeele is sneon krekt in dei mei pensjoen. Hy hat yn it ferline in soad tapyt lein en hy die dat foar it doarpshûs op 'e nij.
"Dit is twintig jaar mijn werk geweest en het is leuk om te doen."
Ton Brundel en Thijs van Barneveld hawwe de nije bar makke. Sels moat Brundel dêr syn earste pilske noch drinke: Van Barneveld rint op 'm foar, seit er mei in wink yn 'e eagen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.