Omrop Fryslân

Anne-Goaitske Breteler rekkenet ôf mei it byld fan de hechte mienskip: "In falkûle"

Anne-Goaitske Breteler
© Jerome de Lint
Hoewol't de titel wat oars suggerearret, giet it nijste boek fan Anne-Goaitske Breteler net allinnich oer 'doarpsgekken'. It giet foaral oer geastlike sûnens - of better sein 'ûnsûnens' - op it plattelân.
De titel De laatste dagen van de dorpsgek sprekt wol ta de ferbylding: "Doe't ik minsken ynterviewde foar dit boek, koe eins eltsenien wol in foarbyld neame fan in 'doarpsgek'", fertelt Breteler (28).
"In man of frou dy't wat simpel wie, in licht ferstanlike beheining hie of immen dêr't wy hjoed-de-dei fan sizze dat er it syndroom fan Down hat."
'Sibbel Geiteknibbel' oan it strjitwjudzjen yn Dokkum
© Streekargyf Dokkum
Yn har boek beskriuwt de publisiste en kultureel antropologe yn ien haadstik de libbens fan dizze minsken.
Hoe gie in mienskip mei dizze minsken om? En hoe wurket dat noch troch yn hoe't wy tsjintwurdich omgean mei geastlike (ûn)sûnens?

Twongen om in deade ein op te iten

Breteler rekkenet ôf mei it idyllyske byld fan in doarpsmienskip dêr't eltsenien in plakje hat en dêr't minsken foar inoar soargje.
"Hiel faak waarden minsken dy't der net by hearden útskolden, peste en bûtensletten, omdat se wat oars wiene."
Se neamt in grouwélich foarbyld fan in man mei it syndroam fan Down dy't op de merke yn in doarp dronken fierd waard. "En dêrnei waard er twongen om in deade ein, mei kop en al, op te iten."

'Sibbel Geiteknibbel'

In oare 'doarpsgek' dy't Breteler beskriuwt is 'Sibbel Geiteknibbel' út Dokkum.
Sibbel Rosier waard Sibbel Geiteknibbel neamd
© Streekargyf Dokkum
"Se hiet Sibbel Rosier, mar se waard Sibbel Geiteknibbel neamd. Se wie hiel earm en wenne mei har broer Jacob. Se wie troch de gemeente oansteld as strjitwjudster, se helle it ûnkrûd tusken de stiennen wei."
Se pisse krekt as in geit: troch de knibbels en dan rinne litte.
Anne-Goaitske Breteler
Hjoed-de-dei soene we sizze dat se in licht ferstanlike beheining hie. "Yn dy tiid, begjin 20e iuw, droech se altyd in rok en it ferhaal gie dat se gjin ûnderbroek oan hie", fertelt Breteler.
"Dêr kaam ek har bynamme wei, want se pisse krekt as in geit: troch de knibbels en dan rinne litte."
'Sibbel Geiteknibbel' en har broer Jacob
© Streekargyf Dokkum
Al hoe moai it ek wie dat Sibbel op dizze wize dochs wat ynkommen hie, se waard ek peste.
"Foaral troch jongelju. Dy diene dan har rok omheech om te sjen oft se yndie gjin ûnderbroek oan hie."

Geert Mak

Anne-Goaitske Breteler hat it manuskript fan har boek lêze litten troch Geert Mak, de ferneamde skriuwer dy't yn de jierren 90 bekend waard mei syn boek Hoe God verdween uit Jorwerd.
Hy skriuwt oer De laatste dagen van de dorpsgek: "Het fenomeen 'dorpsgek': zo ziet de tegenkant van het idyllische plattelandsleven er dus uit. Origineel, inhoudelijk sterk, zeldzaam leesbaar. Wat een goed boek."
Breteler hat ûndersyk dien nei de geastlike sûnens op it plattelân en dêrby hat se ek ûndersocht hoe't dat noch altyd trochwurket.
Se kaam op dat ûnderwerp troch har betoerpake, de skriuwer Reinder Brolsma (1882-1953). Hy hie himsels tekoart dien, mar dêr waard net oer praat yn de famylje.

Falkûle fan skamte

"Just troch dat taboe kaam ik op dit ûnderwerp. Der is op it plattelân in tradysje fan 'we rêde ús wol, dat ha wy altyd dien'. En dat is fansels ek sa, omdat minsken op it plattelân folle mear isolearre libben as yn 'e stêd."
Reinder Brolsma, de betoerpake fan Anne-Goaitske Breteler
© Tresoar
Minsken roaiden it mei-inoar, seit se. "Mar dat is ek krekt de falkûle, want it falt dan net ta om oan te jaan dat it net goed giet. Dêr skammen se har foar."
Dat is ek in paradoks: yn dy hechte doarpsmienskippen, dêr't eltsenien inoar ken, is it foar minsken mei psychyske problemen hiel dreech om help te sykjen.
Anne-Goaitske Breteler
It is noch altyd sa dat der op it plattelân in soad suïside foarkomt, wylst der relatyf minder gebrûk makke wurdt fan eksterne help, lykas psychologen en psychiaters.
"Dat is ek in paradoks: yn dy hechte doarpsmienskippen, dêr't eltsenien inoar ken, is it foar minsken mei psychyske problemen hiel dreech om help te sykjen. Krekt omdat se net oars wêze wolle en benaud binne om bûtensletten te wurden."
De earme buert yn Dokkum dêr't Sibbel en Jacob Rosier wennen
© Oud Dokkum, Lieuwe de Jong
Mei De laatste dagen van de dorpsgek hat Anne-Goaitske Breteler in pynlik, mar weardefol boek skreaun dat de oare kant sjen lit fan de faak as posityf beskreaune mienskip.
It ropt op ta mear iepenheid oer geastlike sûnens op it plattelân.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêren, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.