De tragyk fan Moddergat optekene: "Bijna de hele bevolking was verdwenen"
Yn 1883 wurdt Moddergat troffen troch ien fan de grutste skipsrampen fan de Nederlânske skiednis. Yn de nacht fan 5 en 6 maart ferlieze leafst 121 fiskers it libben by in stoarm.
Fan harren komme 83 heiten, paken en soannen út it fiskersdoarp Moddergat wei. Dizze trageedzje bringt net allinnich in grut ferlies foar de mienskip, mar leit ek in in grutte lêst op de skouders fan de froulju dy't achterbliuwe.
Dit tragyske ferhaal foarmet de basis foar it boek Wondermond fan Anne-Gine Goemans.
De ynspiraasje foar it boek kaam doe't in freon dy't yn de omkriten fan Peazens-Moddergat wennet har oer de ramp fertelde. Netsjinsteande de ympakt fan de ramp hie se der noch nea fan heard.
Wat ast alles kwyt bist?
De skriuwster út Spaarndam brûkt de skiednis fan de fiskersramp foar in modern ferhaal wêryn't misbrûk fan de achterbliuwende froulju in wichtige rol spilet. De sintrale fraach yn it boek is: hoe kist fierder ast alles ferlern hast?
"Het intrigeerde mij om eens een keer te gaan kijken", seit se. "Hoe overleef je in de negentiende eeuw zonder geld?"
Se dûkte de ôfrûne fiif jier yn krante-argiven, brocht tiid troch yn de omjouwing fan Moddergat en spruts mei famylje fan fiskers dy't op walfiskjacht giene. Goemans stapte ek sels it wetter op en fear mei op in garnaleskip.
Dat de ramp de folsleine mienskip troffen hat, docht wol út har ferhaal bliken. "Bijna de hele werkende bevolking van deze twee dorpen was verdwenen", fertelt Goemans.
De manlju kamen om, de froulju bleaune achter. Sy moasten har steande hâlde, sûnder finansjeel fangnet. De opbringsten fan de lanlike ynsammelaksje kamen mar amper by de froulju terjochte.
Ta prostitúsje twongen
Goemans beskriuwt yn har boek hoe't guon froulju twongen waarden it lichem te ferkeapjen oan de dûmny, de rike heareboer en oare notabelen.
Der is lykwols gjin direkt bewiis dat der op grutte skaal prostitúsje plakhân hat yn it doarp. Dochs keas Goemans derfoar om de fiktive eleminten te keppeljen oan histoaryske feiten.
"Ik schrijf geen geschiedenisboek. Ik schrijf fictie, maar het is heel goed mogelijk dat het zo is gegaan", sa leit se út.
"In de negentiende eeuw was Friesland een van de armste provincies van Nederland. Armoede lag en ligt vaak ten grondslag aan seksuele uitbuiting. Prostitutie was destijds een alomtegenwoordig fenomeen in heel ons land."
Oer de skriuwster
Anne-Gine Goemans (1971) wurket as sjoernaliste en skriuwster. Se debutearre mei de roman Ziekzoeker en wûn hjirmei de Anton Wachterprijs 2008.
Har grutste bestseller is it boek Honolulu King út 2015. Fan dat boek waarden mear as 60.000 eksimplaren ferkocht. Dat boek wurdt ek ferfilme.
Yn it boek folgt de lêzer it libben fan de 17-jierrige Boye de Koning, de haadpersoan dy't út it Westen wei nei Wondermond ferhuzet.
Syn heit is arrestearre foar belizzingsfraude en mei syn mem flechtet er nei it hûs fan syn beppe Wiep yn Wondermond.
Wondermond liket foar in grut part op Moddergat. Boye is lilk en fielt him ferlern.
"Hij zit hier in het begin vooral heel veel achter de dijk sigaretjes te roken", zegt Goemans. Hij komt uit een rijk milieu, maar wordt nu geconfronteerd met een harde realiteit waarin hij voor het eerst in zijn leven moet werken."
Oanpassing
Boye de Koning moat him oanpasse oan it swiere libben yn it fiskersdoarp. Hy fynt yn it begjin de Friezen en harren kultuer mar ûnnoazel.
"Hij vindt iedereen dom en hij vindt alle Friezen stom", seit Goemans.
Mar troch it wurk op in fiskersboat en yn de haven leart er de wearde fan it Fryske libben kennen. Lang om let begjint hy fan Wondermond en de minsken te hâlden.
Monumint foar de fiskersfroulju
Mei har besite oan Moddergat rekket Goemans djip ûnder de yndruk fan it monumint dat yn 2008 pleatst is foar de froulju dy't achterbleaune.
It kontrast mei it monumint heger op de dyk foar de omkommen manlju falt har op.
"Dit is een naamloos beeld van een vissersvrouw. En ja, zij staat voor al die vrouwen", sa leit se út. "Terwijl de namen van de omgekomen vissers worden geëerd, blijven de vrouwen die achterbleven vaak anoniem in de geschiedschrijving."
Fiksje as spegel foar de realiteit
Ek al is it boek fiksje, Goemans seit dat se lang ûndersyk dien hat nei de skiednis fan Moddergat.
Yn petearen mei famyljeleden hearde se in soad oer de pine en swiere omstannichheden wêryn't de ferskuorde famyljes libben.
Daar waar de archieven ophouden, begint de fictie.
Dit wie nedich omdat de histoaryske boarnen net it hiele ferhaal fertelle. "Daar waar de archieven ophouden, begint de fictie."
It tema fan misbrûk, dat in wichtich ûnderdiel fan it ferhaal foarmet, is basearre op dy petearen. Want yn de argiven wurdt dêr net oer skreuan.
Goemans is har der bewust fan dat it foar neibesteanden en oare doarpsbewenners pynlik wêze kin om oer it misbrûk fan froulju yn Wondermond te lêzen.
Se fielt har sterke troch de reaksjes dy't se krijt fan lêzers dy't de ferhalen oer misbrûk befêstigje.
Sels ek misbrûk meimakke
It skriuwen fan dizze misbrûksênen wie emosjoneel tige swier foar Goemans. Dat komt omdat de skriuwster konfrontearre waard mei har eigen ferline.
Se dielt foar it earst dat se as famke ek slachtoffer wurden is fan misbrûk. Se hat dêr lang net oer fertelle kinnen.
"Ik ben in therapie gegaan om naar mijn eigen pijn te kijken. Dit persoonlijke proces maakte het schrijven van het boek extra pijnlijk maar ook noodzakelijk."
Dat in meiwurker fan Museum 't Fiskershúske suggerearret dat de pikante sekssênen yn it earste haadstik goed foar ferkeap binne, rekken in gefoelige snaar by Goemans.
"Ik beschrijf de seksuele uitbuiting van een weduwe die geen geld meer heeft om voor haar kinderen te zorgen. Dat heeft niets met pikant te maken."
Fearkrêftige froulju
Foar Goemans wie it fan grut belang om it ferhaal fan dizze froulju, dy't harren stim yn de skiednis ferlearen, werom te jaan.
De ramp yn Moddergat en it lot fan de fiskersfroulju is wichtich foar de Fryske skiednis. Yn Wondermond wol se fierder it universele ferhaal fertelle fan ferlies, oerlibbing en de fearkrêft fan minsken yn tiden fan krisis.
Se ropt minsken dy't muoite hawwe mei it misbrûk yn it boek op om op 11 oktober nei de teätertsjerke fan Nes te kommen. Histoarikus Anne-Goaitske Breteler ynterviewt har dan oer it boek. Se wol graach mei minsken yn petear. "Als je niet praat over misbruik of trauma, dan geef je het door."
Buro de Vries
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.