Hat Fryslân yn 2040 noch soarch op nivo? "Soarchtaken werom nei de mienskip"
De soarch yn Fryslân stiet ûnder druk troch fergrizing en tekoart oan personiel. De kommende jierren is in grutte transformaasje nedich om de soarch op nivo hâlde te kinnen. Weromgean fan fjouwer nei trije sikehuzen is dêrby needsaaklik.
Dat seit Nynke van der Meulen, Manager Strategie & Propositie De Friesland, yn de earste ôflevering fan Stân fan Fryslân. Dat is it ekonomyprogramma dat Omrop Fryslân yn gearwurking mei Planbureau Fryslân makket.
Friezen wurde hieltyd âlder, soarch wurdt djoerder en der is grutte fraach nei personiel. Is ús soarchstelsel dêr tsjin bestân of moat der wat feroarje?
Dat is de fraach dy't yn dizze ôflevering sintraal stiet.
"Lanlik wurket ien op de seis minsken yn de soarch", seit Chaïm la Roi, ûndersiker by Planbureau Fryslân.
"Neffens de projeksjes moat dat, as neat oan it belied feroaret, de kommende fyftjin oant tweintich jier oprinne nei ien op de fjouwer minsken."
Dat de druk op de soarch tanimt, fernimt foarsitter fan de Fryske Húsdokterferiening Mirjan Talsma. Sy is sels ek húsdokter.
"Wy sjogge gewoan dat der in grutte soarchfraach is. Assistinten krije mear telefoantsjes en wy dogge mear konsulten en besites."
De tanimmende fraach nei soarch makket dat praktiken ferlet hawwe fan ekstra personiel, seit Talsma.
"Dat besykje wy wol oan te pakken troch der húsdokters by te krijen, mar dat is dreech. Want dy húsdokters binne der net."
Talsma en Van der Meulen fernimme beide dat húsdokters nei harren oplieding meast yn it midden en it suden fan it lân hingjen bliuwe.
"It is lestiger om hjir yn it noarden húsdokters te krijen", konkludearret Van der Meulen.
It oernimmen fan soarchtaken troch neisten, bygelyks yn de foarm fan mantelsoarch, soe it soarchsysteem wat ûntlêste kinne.
De mantelsoarch stiet sels lykwols ek ûnder druk, fertelt La Roi. "Der binne no fjirtjin mantelsoargers beskikber foar ien 85-jierrige, de ferwachting is dat dat yn 2040 noch mar seis binne."
"Tagelyk sjogge wy yn resint ûndersyk fan Planbureau Fryslân wol dat de minsken yn Fryslân bereid binne om mantelsoarch te leverjen."
It giet dan wol om lichte soarchtaken, lykas mei heit of mem mei nei it sikehûs of helpe mei administraasje. Twa op de trije Friezen jouwe oan dat se swierdere soarchtaken net sitten sjogge.
Mantelsoarch yn de praktyk
Simon van der Rest is mantelsoarger foar syn frou, dy't alzheimer hat. "Met alles helpen", omskriuwt er syn takepakket.
"Ze zit nu in een fase dat ze de namen van kinderen en kleinkinderen niet meer weet."
It is in soad wurk foar Van der Rest. "Maar vol te houden. Wij zijn gelukkig in de gelegenheid dat we een klein netwerk hebben, waar ik op terug kan vallen. Dat maakt het ook belastbaarder voor de mantelzorger."
De transformaasje dy't der yn de soarch komme moat is tink ik grutter as wat minsken op it stuit foar eagen hawwe.
Hy is ek wiis mei de Odensehuzen. Dat binne plakken yn Fryslân dêr't je sûnder yndikaasje hinne kinne en dêr't je net direkt in berop mei dogge op de soarch.
It is in leechdrompelich moetingsplak foar minsken mei demintsy, mar ek mantelsoargers en freonen en famylje kinne der telâne.
Der is de kommende jierren in omslach nedich om de kwaliteit fan de soarch yn de takomst garandearje te kinnen, konkludearje Van der Meulen en La Roi.
"De transformaasje dy't yn de soarch komme moat is tink ik grutter as wat minsken op it stuit foar eagen hawwe", seit La Roi.
It oanbod yn de soarch nimt ôf en taken sille werom moatte nei de mienskip, seit Van der Meulen. Dat soe neffens har soargje kinne dat mear tiid en kapasiteit frijkomt foar komplekse, medyske soarch.
"Der wurdt wol mei ret of ik haw rjocht op dit of dat", hat te lang de gedachte west, mient Van der Meulen.
Werom nei trije sikehûzen
It plan leit foar om de sikehuzen Tsjongerskâns op It Hearrenfean en Antonius yn Snits ûnder te bringen op ien plak. Neffens Van der Meulen is dat nedich.
"Dat hat wer mei dat arbeidstekoart op de merk te krijen. As wy de soarch hjir yn Fryslân hâlde wolle, dan sille wy it dwaan moatte mei de minsken dy't der aanst binne. Dan kin dat spitigernôch net mear yn de setting fan no."
Oan it transformaasje op it mêd fan soarch ûntkomme we net, dêr binne de gasten it oer iens. Fertrouwen dat yn 2040 noch soarch op nivo oanbean wurde kin, is der by alle fjouwer wol.
"Mei gemeenten, húsdokters, sikehûzen en soarchfersekerders binne we echt dwaande om it goed te regeljen foar de takomst", slút húsdokter Talsma ôf.
Stân fan Fryslân
Stân fan Fryslân is in ekonomyprogramma fan Omrop Fryslân, dat yn gearwurking mei Planbureau Fryslân makke wurdt.
Online is de útstjoering fan Stân fan Fryslân no al te sjen. Dizze ôflevering is tiisdei om 17.30 op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.