Omrop Fryslân

Wurk jaan oan asylsikers? "De hele dag duimen draaien, vergroot de problemen"

Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
'Nije Nederlanners' kinne in wichtige bydrage leverje oan it oplossen fan it grutte tekoart oan personiel. Foar wurkjouwers moat it wol flink makliker makke wurde om asylsikers oan te nimmen. "We willen toch niet dat ze de hele dag duimen draaien, dat vergroot de problemen juist."
Dy lêste útspraak komt fan foarsitter Sieger Dijkstra fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord. Hy sei dat yn de fiifde en lêste ôflevering fan Stand van Noord-Nederland, it ekonomyprogramma fan RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân, yn gearwurking mei Sociaal Economische Raad Noord-Nederland.
Sieger Dijkstra, foarsitter fan wurkjouwersferiening VNO-NCW Noord
© Omrop Fryslân
Yn de útsjoering leit de fraach op tafel oft asylsikers oan it wurk set wurde kinne. Se soene wurkjouwers helpe kinne by it ynfoljen fan fakatueres dêr't se op it stuit hast gjin minsken foar fine kinne.

35.000 fakatueres

Soargje derfoar dat safolle mooglik flechtlingen sa gau mooglik in baan krije, fine de gasten unanym. Wurkjouwersfoaroanman Dijkstra wiist derop dat yn Noard-Nederlân op it stuit sa'n 35.000 iepensteande fakatueres binne.
"De regio vangt circa 20.000 asielzoekers op. Lang niet iedereen kan aan het werk", seit Dijkstra. "Maar stel dat de helft van de mensen wel inzetbaar is. Dat betekent dat we een groot deel van tekorten kunnen oplossen. Met mensen die nu de hele dag duimen draaien."
Sjoch hjir de hiele ôflevering fan Stand van Noord-Nederland:
"Deze categorie mensen moet niet langs de kant blijven", stelt er. "Dat zorgt er alleen maar voor dat er over een aantal jaar voor hen en voor onszelf een hele vervelende, lastige situatie ontstaat."
De kâns dat ien noch wat docht mei syn libben is nei in pear jier yn ûnwissens, wachtsjend yn in asylsikerssintrum, in stik lytser, mient Dijkstra: "Van drie jaar in een hokje zitten in een azc, daar word je geen beter mens van. Betrek ze erbij en los daarmee een stukje van onze arbeidsmarktproblemen op."

Selssumheid

Op it stuit komt it net faak foar dat in asylsiker wurk hat. Minsken dy't as flechtling nei Nederlân ta komme en yn in azc ferbliuwe, meie neffens de regels nammentlik net samar oan it wurk.
It wurdt allinnich op lytse skaal dien, yn proefprojekten. Lykas bygelyks yn de gemeente Assen. Noch foardat se in ferbliuwsstatus hawwe, krije asylsikers dêr de kâns om wurkûnderfining op te dwaan by lokale bedriuwen yn sektoaren lykas hoareka en túnbou. Op it stuit hawwe trettjin flechtingen fan om ende by hûndert dy't harren oanmeld hiene dêr no in baan. De gemeente lûkt trije ton út foar it projekt.

Takomstperspektyf

Wethâlder Cor Staal fan de gemeente Assen: "Zo laten we mensen zo snel mogelijk meedoen in onze maatschappij. Het is voor die mensen heel fijn dat ze niet zitten te wachten in een azc."
Cor Staal, wethâlder yn de gemeente Assen
© Omrop Fryslân
"Deze mensen vluchten niet zomaar naar Nederland", seit Staal. "Ze hebben van alles meegemaakt en vaak hebben ze trauma's. Op het moment dat ze verder kunnen met hun leven en toekomstperspectief hebben, zijn niet alleen zijzelf, maar is ook onze samenleving erbij gebaat."

Oardel jier op 'en nij opliede

Noardlike sikehûzen hawwe ek it inisjatyf nommen om asylsikers oan te nimmen. Yn it projekt 'Nieuwkomers' wurkje no 22 statushâlders as medysk personiel. Dêr wie in opliedingstrajekt fan sa'n oardel jier foar nedich, fertelt Annouk Koppelman, dy't it projekt begeliedt.
Annouk Koppelman, begelieder yn projekt Nieuwkomers
© Omrop Fryslân
In "best ingewikkeld" trajekt, fertelt Koppelman. Fanwegen it belang fan in goede behearsking fan taal yn medyske funksjes, mar ek fanwegen in gat dat der somtiden is tusken de kwalifikaasjes yn in thúslân en hjir.

Wurkjouwers wolle wol

De gemeente Assen en de sikehûzen witte yntusken dat it yn de praktyk hiel dreech is om in asylsikers oan regulier wurk te helpen. Beide rinne se tsjin burokratyske tukelteammen. "Aanvraag van een tewerkstellingsvergunning kost bijvoorbeeld vijf weken", seit wethâlder Staal. "Een werkgever wil daar niet op wachten, die moet vaak een acuut gebrek aan mankracht oplossen."
Belangstelling is der fan de kant fan wurkjouwers genôch. Yn Assen melden harren tritich organisaasjes, fertelt de wethâlder. Wêr't de bedriuwen neffens ekonoom Jouke van Dijk lykwols in protte tsjinoan rinne is dat de wurkkwalifikaasjes fan flechtlingen net registrearre wurde. "As der in yngenieur binnenkomt, dan witte we dat dus net", seit Van Dijk.

Nuttige ynvestearring

"Sechstich oant santich prosint fan de asylsikers bliuwt úteinlik", stelt heechlearaar Van Dijk. "Ynvestearrest earder yn dy groep, dan sil in part fuortgean. Mar foar de groep dy't bliuwt is it jild goed bestege."
Heechlearaar en ekonoom Jouke van Dijk
© Omrop Fryslân
Neffens Van Dijk brûke we op it stuit it potinsjeel oan weardefolle wurknimmers yn de azc's net genôch. "Praktyske beswieren moatte dus fuortnommen wurde en wurkjouwers moatte entûsjast makke wurde."
Hy fynt dat gemeenten en it COA dêr fan it kabinet mear middels foar krije moatte: "Ik tink dat sels dit kabinet, ast sjochst nei it tekoart op de arbeidsmerk, wol oertsjûge wurde kin fan de nuttige bydrage dy't asylsikers hjir leverje kinne."

Stand van Noord-Nederland

Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.