Fúzje sikehuzen Snits, It Hearrenfean en Ljouwert wer in stap tichterby
Bestjoerders fan de sikehuzen en soarchfersekerders hawwe offisjeel de yntinsje útsprutsen om yn 2034 in nij sikehûs op De Jouwer te iepenjen. Dêrmei komt in fúzje fan Tjongerschans, Antonius en MCL wer in stap tichterby.
De kommende tiid wurdt ûndersocht wat allegear nedich is foar de fúzje en nijbou fan it sikehûs. Dêrfoar is tongersdeitejûn in yntinsjeferklearring ûndertekene.
Dy ferklearring is nedich om oanspraak te meitsjen op jild foar de ûndersiken dy't dien wurde moatte. It giet dan om projekten om bygelyks boargers by it fúzjetrajekt te belûken.
Ferline jier waard bekend dat de sikehuzen Tjongerschans (It Hearrenfean), Antonius (Snits) en MCL (Ljouwert) fusearje wolle.
Der moat in nij sikehûs komme op De Jouwer, de lokaasjes op It Hearrenfean en Snits moatte slute.
Oanlieding foar de foarnommen fúzje is de groeiende personielskrapte. Tagelyk nimt ek de fraach nei soarch ta. Om sikehuzen tagonklik te hâlden, is de fúzje nedich, sizze sikehuzen en soarchfersekerders. Ek docht út ûndersyk bliken dat spesjalistyske soarch út Fryslân ferdwynt as net yngrepen wurdt.
Dêrfoar is in wichtige rol weilein foar Zorgbelang Fryslân. Mei dy organisaasje is ôfpraat helder te krijen wat by Friezen libbet en hoe't sjoen wurdt nei de takomst fan de soarch yn de provinsje.
Dêrnjonken moat dúdlik wurde wêr't de soargen fan de ynwenners krekt sitte at it giet om ferlies fan soarch yn Snits en It Hearrenfean, mar ek wat de soargen binne oer berikberens fan in nij sikehûs mei it iepenbier ferfier. Yn de fierdere útwurking fan de plannen wurdt dêr rekken mei hâlden.
'Anderhalvelijnscentra'
Ien fan de oplossingen leit miskien wol yn it opsetten fan saneamde 'anderhalvelijnscentra', in soarte fan útwreide húsdokterspost.
Njonken de dokters sitte dêr dan ek spesjalisearre ferpleechkundigen, en spesjalisten kinne dêr as it nedich is sprekoere dwaan. Dat moat derfoar soargje dat minsken minder faak nei it sikehûs gean.
Nei de simmer wurdt úteinset mei ynformaasjegearkomsten. Der wurdt dan in groep oprjochte mei dêryn 100 oant 150 ynwenners dy't alles ferwurkje ta in swierwagend advys. Ek is der geregeld oerlis mei de belutsen gemeenten.
Noch net definityf
It tekenjen fan de yntinsjeferklearring betsjut net dat de fúzje yn kalk en semint getten is.
De bestjoerders sprekke no út dat se alles op alles sette wolle om der in sukses fan te meitsjen. Mar mocht bliken dwaan dat de kosten fan bygelyks nijbou te heech wurde, dan kinne alle partijen der noch ûnderút.
Tsjinstanners hoopje op nije kabinet
De gemeenten Hearrenfean en Súdwest-Fryslân sjogge de fúzje net sitten. Sy binne benaud dat de ôfstân ta de soarch te grut wurdt.
De beide gemeenten ha sels ek ynformaasjejûnen opset, wêryn't se fan de ynwenners hearre wolle hoe't dy tsjin de plannen fan de sikehuzen oansjogge. De earste is takom wike woansdei yn Koudum.
Ek is de hoop rjochte op it nije kabinet. Dat hat as ynstek streeksikehuzen te behâlden.