Gemeenten roppe sikehuzen op: set fúzjeplannen yn iiskast

Antonius Tjongerskans
Sikehuzen Tjongerschans en Antonius ha fúzjeplannen, mar dat smyt ek ferset op © Omrop Fryslân
Set it trajekt fan de fúzje en de sluting fan de sikehuzen fan Snits en It Hearrenfean tydlik stil. Dy oprop komt fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.
Se fine dat earst folle better sjoen wurde moat nei wat de ympakt fan de fúzje is en oft der oare oplossings binne foar de problemen dy't de sikehuzen sjogge foar de takomst.
De gemeenten geane net oer de takomstplannen, mar de sikehuzen sizze it stânpunt wol serieus te nimmen.
Gemeenten: lis tydlik fúzje- en slutingsproses fan sikehúzen stil
It plan is om de sikehuzen fan Snits en It Hearrenfean te sluten en in nijen te bouwen op De Jouwer. De gemeenten sjogge dat perfoarst net sitten. Benammen omdat de ympakt op de mienskip grut wêze sil.
Dat docht bliken út twa rapporten, ien makke troch it Planbureau Fryslân en ien troch Lysias Advies. De ûndersiken moatte de gemeenten hânfetten jaan yn de diskusje mei de sikehûsbestjoeren.
Yn juny 2023 makken de sikehûsbestjoeren fan Tjongerschans en Antonius yn oparbeidzjen mei de belutsen soarchfersekerders bekend fusearje te wollen. Op De Jouwer moat dan in nij sikehûs komme.
It is needsaaklik om soarch yn Fryslân te behâlden. It tal behannelingen dat in dokter op jierbasis dwaan moat om 'by te bliuwen' giet omheech. Boppedat wurdt it troch personielskrapte yn de takomst hieltyd dreger om ôfdielings iepen te hâlden.
As alle plannen trochgean, soe it nije sikehûs op De Jouwer der oer tsien jier stean moatte.
Yn in reaksje sizze de sikehuzen dat se noch mar oan it begjin fan it folsleine proses steane. Der wurde gearkomsten organisearre wêrby't de ynwenners ynsprekke kinne. Dat is fan belang, seit wurdfierder Gerard Akkerman, om goed nei te tinken oer hoe't de soarch oars ynrjochte wurde kin.

Sikehuzen: ûndersyk is te iensidich

De sikehûsbestjoerders fine dat der troch de gemeenten te iensidich ûndersyk dien wurdt. De sikehuzen ha benammen krityk op it rapport fan Lysias Advies: sy ha allinnich húsdokters út de belutsen gemeenten befrege.
Ek brûkt dat buro sifers oer it tal bêden yn de sikehuzen dy't perfoarst net kloppe. Oannames dy't dien wurde, binne net toetst by de belutsen ynstânsjes.
Akkerman stelt dat de sikehuzen hannelje út it Fryske perspektyf wei, mei as doel de soarch yn Fryslân te behâlden.
Je moet geen onomkeerbare besluiten nemen nu.
Sybrich Sijtsma, wethâlder fan Hearrenfean
"Het gaat om inwoners en ondernemers", seit wethâlder Marianne Poelman fan Súdwest-Fryslân. "We zijn niet bestuurders die nu de hakken in het zand zetten, maar we willen wel kunnen uitleggen waarom."
Sy en har kollega fan Hearrenfean, Sybrich Sijtsma, meitsje har benammen soargen oer de berikberens. Sijtsma: "Hoe houd je de zorg bereikbaar voor juist die kwetsbare groep mensen?"
Dêrom fine de beide wethâlders dat it projekt tydlik stopset wurde moat. Sijtsma: "Je moet geen onomkeerbare besluiten nemen nu. Daarom trekken wij nu aan de bel."
polityk
Wethâlders Marianne Poelman (Súdwest-Fryslân) en Sybrich Sijtsma (Hearrenfean) © Omrop Fryslân
De beide wethâlders sizze dat se gearwurkje wolle mei de sikehuzen en de bestjoerders. Se sizze itselde doel te hawwen, nammentlik it behâlden fan goede soarch. Mar yn tsjinstelling ta de sikehûsbestjoerders binne de wethâlders derfan oertsjûge dat it oars kin.

Gjin oplossing

In oplossing ha se lykwols net foar hannen, seit Sijtsma. "We zien ook heel goed dat er iets moet gebeuren. Daarin vinden we elkaar ook. We kijken alleen wel naar het hele spectrum, dus naar alle zorgen die er leven. We denken graag mee over een goede oplossing."
Ek Gerard Akkerman seit mei klam dat se net tsjinoer de gemeentebestjoerders steane. Hy seit dat se just de gearwurking sykje om ta oplossings te kommen. Mar dat de takomst fan de soarch al kwetsber is en der no wol stappen set wurde moatte.