Rellen yn Snits begjinne op sosjale media, mar boargemaster is machteleas
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân sit yn in ûnmooglike spagaat. Dat seit Willem Bantema, lektor bestjoer en feilichheid yn in digitale mienskip.
Jeugd wurdt yn Snits op sosjale media oproppen om mei te dwaan oan de ûngeregeldheden, sa as brânstifting en it ôfstekken fan swier fjoerwurk.
Ynwenners fan Snits ferwachtsje mooglik fan De Vries dat se der wat oan docht, mar juridysk kin sy net yngripe by Facebook, TikTok of Telegram, seit Bantema, dy't lektor is oan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert.
"Fernuveret my neat"
Bantema is koartlyn úteinset mei in grut ûndersyk, nei wat Nederlanners it belangrykst fine: previntyf tafersjoch op sosjale media, of just mear privacy en de gefaren akseptearje.
Sosjale media spylje neffens him hieltyd faker in grutte rol by ûngeregeldheden.
"Dat it no misgien is yn Noorderhoek yn Snits fernuveret my neat", seit Bantema. "Yn it earste plak is it hiel dreech foar de ynstânsjes om te witten wa't efter de oproppen op sosjale media sitte. De boargemaster kin media as Facebook of TikTok net sels oansprekke omdat dy dêr juridysk gjin foech foar hat."
De plysje en de offisier fan justysje hawwe dat foech wol. "Mar dan binne de ûnderfiningen wikseljend. Facebook is ridlik te benaderjen. Mar bedriuwen lykas X, TikTok en seker Telegram lûke har folle minder oan fan oproppen om bepaalde skealike berjochten fuort te heljen.
"Lit stean dat se frijjouwe wa't efter bepaalde accounts sitte", seit Bantema. "En as it al slagget om berjochten fuort te krijen, dan is it faak al te let, of de oproppen ferskine op in oar medium mei in oar account gewoan opnij."
Wurdespul
En dan noch: wannear is in oprop op sosjale media no skealik en wannear net? "Jongeren sprekke har eigen taal. Tink mar oan de coronatiid, doe't de oprop om mei-elkoar kofje te drinken synonym waard foar rellen. Dan wurdt it al gau in wurdespul."
Undercover of iepen en bleat?
As lektor oan NHL Stenden is Bantema dus dwaande mei in ûndersyk nei wat Nederlanners fine fan it yngripen troch oerheden op sosjale media.
"Wy wolle ferskate senario's foarlizze oan de dielnimmers oan it ûndersyk. Mei de plysje sosjale media yn de gaten hâlde? Mei de plysje dat undercover dwaan, of moat de plysje iepen en bleat lid wurde fan bygelyks in foarum?"
Begjin 2026 hopet Bantema dat hy de útkomsten presintearje kin.
Wês sels aktyf
Hat Bantema oant dy tiid noch in tip foar de boargemaster fan Súdwest-Fryslân? "Ik wit net oft it jongereinwurk yn Súdwest-Fryslân al aktyf is op sosjale media, mar dat kin helpe om yn in betiid stadium te sinjalearjen wat der libbet by jongeren yn Snits."