Omrop Fryslân

Boargemaster ferwachtet rêstige jûn yn Snits: "bepalende" jongeren oanholden

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân
© Omrop Fryslân
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân ferwachtet foarearst gjin nije ûnrest yn Noorderhoek II yn Snits. Se is wiis mei de ynset fan de plysje en hanthavening fan woansdeitejûn. "Dat ha se echt hiel effektyf dien."
"Wy hawwe stevich ynset", konkludearret De Vries. Omdat neffens har de fjouwer "bepalende" jongeren oanholden binne, sil it tongersdeitejûn wol wat tafalle, tinkt se.
"Wy binne der klear op, mar wy ferwachtsje it jûn net. Wy ferwachtsje dat it jûn rêstich is, omdat we de groep juster goed oanpakt ha."
Boargemaster ferwachtet rêstige jûn

Alden skrokken har in ûngelok

Doe't âlden fan ferskate minderjierrigen harren bern ophellen op it buro is it petear op gong kommen. "Guon binne har in ûngelok skrokken fan de bulte fjoerwurk dy't yn harren eigen hûs leit."
De fjouwer minderjierrigen dy't oanholden binne komme der sa maklik net fanôf, seit se. "Dat kriget noch in ferfolch. Dan sette we strafrjocht of bestjoersrjocht yn, dêr wurde echt maatregels oan ferbûn."
Foar de jeugd dy't begjin dizze wike foar ûnrêst soarge yn Snits hat se gjin goed wurd oer. "It is gedrach dat folslein ûnakseptabel is, as it wer nedich is dan gripe we wer yn en pakke wy se op."
Het is een moeilijke leeftijd.
Nel Veldman fan it wykplatfoarm hat wol begryp foar de groep jeugd
Oan de oare kant is der út de buert wei ek iennich begryp foar bern. "Het is de jeugd, met jeugd kun je van alles verwachten. Deze leeftijd verveelt zich, ze weten niet wat ze moeten", seit Nel Veldman. Sy is foarsitter fan Wykplatfoarm Noorderhoek.
Nel Veldman fan Wykplatfoarm Noorderhoek
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
"Aan de ene kant horen ze niet meer bij de twaalfjarigen, maar aan de andere kant ook nog net niet bij de andere groep. Het is een moeilijke leeftijd. Heel moeilijk om daar iets voor te organiseren, want dat willen ze niet. Ze willen zelf. Dat snap ik wel, dat is heel moeilijk."
Se fynt it omswalkjen fan de jeugd wat fan alle tiden, al jout it fjoerwurk wol in soad oerlêst. Dat is neffens har yn hiel Snits te hearren en minsken binne der benaud foar. "Ouderen zeker. En huisdieren worden onrustig, kinderen vinden het niet leuk. Niemand vindt het leuk, alleen maar bij oud en nieuw."

Komt wol wer goed

It wichtichste is neffens har om yn petear te bliuwen, ek al is dit dat út en troch dreech. "Ik werk nu bijna 25 jaar in de wijk, dit had je vroeger ook. Altijd gehad. Maar je hebt geen contact met die leeftijd, dat maakt het moeilijk."
"Met elkaar de schouders eronder: gemeente, politie, we hebben van alles", seit Veldman. "Het komt wel weer goed."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.