Op 'e nij ûnrêst yn Noorderhoek yn Snits: jongelju mei drugs en swier fjoerwurk oanholden
It is op 'e nij ûnrêstich yn de wyk Noorderhoek II yn Snits. De plysje befêstiget dat der in tal jongelju oanholden is mei profesjoneel fjoerwurk en softdrugs. Under har binne ek minderjierrigen.
Om hoefolle minsken oft it krekt giet, koe de plysje noch net sizze. Der is ek in groepke meinaam nei it plysjeburo, om't dizze jongelju har net identifisearje koene.
Der wie woansdeitejûn wer ferskate kearen swier fjoerwurk te hearren en jongelju kloften wer gear yn de wyk.
Soad plysje op 'en paad
Der is in grut tal plysjes en hanthaveners yn Noorderhoek op 'en paad. Ferskate groepkes mei jongelju wurde oansprutsen.
Jongelju oanholden nei rellen yn Snits
Guon jongelju soene ek besykje út te naaien. Mar by twa manlju is dat dus, foar safier bekend, net slagge. De plysje hat ek guod yn beslach naam dat ien fan de manlju by him hie.
De plysje rydt yn auto's trjoch de strjitten hinne, mar der soene ek plysjes op de fyts en undercover plysjes wêze.
It is al dagen ûnrêstich yn de wyk. Konteners en de Natuermoetingstún waarden yn 'e brân stutsen en jongelju kearden har tsjin de plysje.
Woansdei giene der oproppen op sosjale media rûn om op 'e nij nei de wyk te kommen. De plysje rôp op syn beurt op om dêr gjin gehoar oan te jaan.