Fan Sint Nyk nei Florence: Willy Anne makket karriêre yn de moadewrâld
"Dingen hoege hjir net sa rap en de minsken binne minder praktysk. It giet allegearre wat rêstiger as yn Nederlân." Willy Anne Wijnja fan Sint Nyk wennet yn de Italiaanske stêd Florence. Se hat dêr in baan yn de moade.
Yn ferliking mei Fryslân is it libben by har mear tranquillo. Dat hat ek wol wer syn foardielen. It is mear relaxed, fynt se. Mar as se prate, binne de Italianen minder 'rêstich'. Dat giet bêst wol lûd en 'pasjoneel'.
Willy Anne wennet no goed tsien jier yn Florence. Se wurket by in Amerikaansk bedriuw.
It naaien learde se fan har beppe yn Fryslân. Tegearre kleantsjes meitsje foar de pop. Miskien dat dêr har leafde foar moade wei komt. "Doe't ik in lyts famke wie, wie ik al jurkjes oan it tekenjen."
Yn Sint Nyk en yn Fryslân binne de minsken net sa moadebewust.
It moaie oan moade is datst dêrmei it ferskil meitsje kinst, is Willy Anne fan betinken. "Hoe'tst derút sjochst, seit in soad. Yn Sint Nyk en yn Fryslân binne de minsken net sa moadebewust." Wat dat oanbelanget waard se net echt oanmoedige, dat sadwaande woe se al gau nei it bûtenlân.
Earst folge se moade-oplieding oan it Friesland Kolleezje yn Ljouwert, dêr't se patroantekenjen en kleannaaien learde. Praktyske feardichheden dy't har noch altyd fan pas komme. Se hat der in soad oan, mar it is gjin moade ûntwerpen dêr't har hert leit.
De skoalle yn Ljouwert hie konneksjes yn Florence en sa krige se in staazjeplak yn de Italiaanske stêd. Nei't se har diploma helle hie yn Fryslân, gie se werom nei Florence om oan de Akademia Italia in oplieding moade-ûntwerpen te dwaan.
Minsken tinke dat Milaan de grutste moadestêd is, mar in soad dingen wurde yn Florence makke.
Der is wolris wat misbegryp oer wat no de wiere moadestêd yn Italië is. Dat hat grif ek te krijen mei de bekendheid fan de Milan Fashion Week.
"Minsken tinke dat Milaan de grutste moadestêd is, mar in soad dingen wurde yn Florence makke", fertelt de 30-jierrige Sint Nykster. Sa sit Gucci dêr bygelyks ek.
Net ûntwerpe, mar regelje
Se wurket no sûnt fiif jier foar it Amerikaanske lifestyle-bedriuw Chrome Hearts, dat in tassefabryk yn Florence hat. Se ûntwerpt net, mar regelet fan alles, ûnderhâldt kontakten mei fabrikanten en giet nei beurzen. Se moat in soad reizgje.
"Ik wurkje yn de ûntwikkeling en it meitsje litten fan produkten lykas tassen. Ik sykje út wêr't wy dat it bêste dwaan kinne en folgje dan it hiele proses."
Ierlân
Se is bliid mei har baan. "Ik haw ferskate staazjes dien en banen hân. Wat ik no doch, fyn ik hiel moai. Letter wol ik miskien foar mysels begjinne. Mar no noch net. Ik wol graach mear ûnderfining opdwaan."
Se is ferloofd mei de Ierske muzikant Shane mei wa't se tegearre wennet yn Florence. De binnenstêd is te befytsen. "Binnen 10 minuten binne we yn it sintrum mei de fyts."
Dreambaan
Yn de takomst ferhúzje se miskien nei Ierlân. Dêr lizze foar Willy Anne mear mooglikheden as se eigen baas wurde wol.
"Myn dream om foar mysels te begjinnen soe ik yn Ierlân útfiere kinne. Hjir yn Florence sit it fol mei moadewinkels. Yn Ierlân is folle mear mooglik."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
En nei Fryslân werom? Ja, sa no en dan, en dan eefkes. Mar net om te wenjen. Foarearst sit se noch goed yn Florence. It is in moaie stêd. "It is krekt as rinst troch in museum. Mar ast der salang wennest, sjochst it hast net mear."
En lykas earder sein, oars wurdt it miskien Ierlân dêr't har ferloofde in hûs hat. Dus wa wit gean se yn de takomst dy kant op te wenjen en slagget it dêr om har dream wier te meitsjen: in eigen winkel mei sels ûntwurpen klean en lifestyle- en interieurguod.