Omrop Fryslân

Donata út Drachten racet mei de Fryske flagge troch Saûdy-Arabië

Fryske flagge by de finish fan de rally yn Saûdy-Arabië
© Eigen foto
Oant noch gjin tsien jier lyn wie it foar froulju ferbean om te autoriden yn Saûdy-Arabië, mar dat feroare yn 2018. Begjin dit jier die Donata Baars fan Drachten mei oan in autorally mei allinnich froulju.
Baars (52) wennet no 14 jier yn it keninkryk Bachrein. De lytse eilânsteat yn de Perzyske Golf bestiet út 33 eilantsjes, wêrfan't it grutste mei in brêge fêstsit oan Saûdy-Arabië. It skiereilân Katar leit oer see goed 90 kilometer súdwestlik.
Bachrein is mar lyts. Om in yndruk te jaan: Nederlân is mear as 50 kear sa grut.
Fiskjen bart noch altyd mei dhow-boaten, op de eftergrûn it World Trade Centre mei wynturbinen
© Eigen foto
It reizgjen sit Baars yn it bloed. "Dat komt van mijn pake", fertelt se. Dy is nei Amearika emigrearre en weromkaam.
Har mem is nei Kanada emigrearre en ek weromkaam. Har heit soe nei Kanada, mar dat gie op it lêste momint net troch. Yn Denemarken kamen har heit en mem mei-inoar yn 'e kunde.

Bearen

Njonken fan reizgjen hâldt Donata ek fan bisten. Se keas foar de stúdzje diermanagement oan it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert.
Har earste baan wie yn Sina. Oardel jier wurke se foar de Animals Asia Foundation. Mei bearen.

UAE, wêr leit dat?

Yn Sina berikte har it fersyk om "in de UAE" te wurkjen. "Ik had zoiets van: waar ligt dat?" It wiene de United Arabian Emirates, oftewol de Feriene Arabyske Emiraten.
De sûk fan Manama, altyd gesellich, kinst der fan alles keapje en foar in habbekrats ite
© Eigen foto
Nei in lyts jier yn Abû Daby wurke te hawwen kaam der in baan frij yn Bachrein en dy naam se graach oan. Se is wildlife manager. Har doel wie om dat twa jier te dwaan en dêrnei wer fierder te sjen. "Maar heel veel mensen blijven plakken in Bahrein."
Twa jier waarden fjirtjin jier... Oant no ta, alteast.
Ik hoef geen sluier om, maar ik ga niet in korte broek en hemdje naar de supermarkt.
Donata Baars
Se mei graach yn Bachrein wenje, want is in liberaal lân. Dat wol sizze datst dêr alles dwaan kinst en meist, fansels mei respekt foar de pleatslike kultuer. De fraach dy't Donata it faakst kriget, is oft de froulju dêr in sluier om hawwe moatte.
"Ik hoef geen sluier om, maar ik ga niet in korte broek en hemdje naar de supermarkt. In een kniebroek en een t-shirt is het helemaal geen probleem."
Trouwens, yn Bachrein binne se wol wat wend, mei al dy expats dy't dêr wenje en wurkje. Wat Baars ek oansprekt, is dat de minsken freonlik en gastfrij binne, en dat it feilich is.
Swimme mei hûn Nala. Ofkuolje sit der net yn, want de see is like waarm as badwetter
© Eigen foto
Bachrein is lyts en simmerdeis om te smoaren, sa hjit. En dochs is it foar har in noflik lân om yn te wenjen, om't de posysje fan de frou folle better is as yn Saûdy-Arabië.
Ut en troch moat Donata wolris fan de pôle ôf. It komt goed út dat Saûdy-Arabië nei de coronatiid de grinzen iepensteld hat foar toeristen.
Mei in jierfisum en har reade jeep giet se sa faak as mooglik mei de auto op 'en paad.

Rally inkeld foar froulju

Ien fan har auto-avontueren is in off-road rally foar froulju yn Saûdy-Arabië, earder dit jier. Meardere dagen ride, Donata as navigator en in Italiaanse achter it stjoer.
Donata mei har reade Jeep
© Eigen foto
It gie der net om hoe hurd, mar om tûk ride en it goede paad kieze as der gjin wegen binne. De steat Saûdy-Arabië wol mei de frouljusrally promoasje meitsje foar froulju.
"Het was heel bijzonder om mee te doen. Vier dagen door het mooie westen van Saoedi-Arabië. En dat is echt niet alleen maar zand."
Yn de sândunen
© Eigen foto
Oer de einstreek die se de Fryske flagge op de auto. "Ik was ook wel blij dat het voorbij was, maar een week later dacht ik: misschien volgend jaar toch weer meedoen?"

Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien?

Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Drachten is it plak dêr't Donata altyd weromkomt. Se is minimaal ien kear yn it jier yn Nederlân. Har heit en mem en suster wenje yn Drachten. Miskien dat se mei de krystdagen wer efkes yn Fryslân is. Foarearst is se net fan doel om út Bachrein wei te gean.
Sjoch hjir nei bylden fan de start fan de rally:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.