Omrop Fryslân

Noardlike politisy begjinne Prinsjesdei mei moarnsbrochje: "Sûnder jild bart der neat"

De noardlike politisy giene mei-inoar op de foto
© ANP
De tredde tiisdei fan septimber betsjut Prinsjesdei yn Den Haach. De Kening sprekt de troanrede út, de miljoenenota wurdt bekend makke en it publyk kin genietsje fan it keninklik pear yn de koets, de huodsjeparade en de balkonsêne.
In minder bekende tradysje is dy fan it noardlike moarnsbrochje. Noardlike bestjoerders en Keamerleden moetsje inoar yn it Escherpaleis yn Den Haach foar in netwurkbyienkomst foar Friezen, Grinslanners en Drinten foarôfgeand oan it Prinsjesdei-programma.
In ympresje fan it jierlikse Fryske moarnsbrochje yn Den Haach
By it moarnsbrochje kinne de Keamerleden ek witte litte hoe't sy nei de plannen fan it nije regear sjogge.

Earste Prinsjesdei foar Soepboer

Foar Keamerlid Aant-Jelle Soepboer fan NSC is it syn earste Prinsjesdei. Hy hopet dat Den Haach dizze dei oangrypt om sjen te litten dat, nettsjinsteande alle politike ferskillen, partijen weardich mei-inoar omgean kinne.
"Want krekt foar it reses ha we der, yn it debat oer de regearingsferklearring, in soadsje fan makke mei ús allen, as ik earlik bin."
Twadde Keamerlid Aant-Jelle Soepboer oer de besunigings op it ûnderwiis
Soepboer neamt de besunigings op kultuer 'net syn favorite maatregel'. Mar neffens him moat der no ien kear besunige wurde. "Dat docht somtiden sear."

NPLG

Dykgraaf Luzette Kroon, ek oanwêzich by it moarnsbrochje, set fraachtekens by it ophâlden fan it NPLG (Nationaal Programma Landelijk Gebied). "Ik sta hier niet als onheilsprofeet, maar de klimaatverandering vergt dat we gaan handelen en niet alles voor ons uit schuiven."
Kroon wol dan ek dat der jild frijmakke wurdt om plannen, dy't al makke binne, trochgean te litten. "De doelen van het NPLG blijven overeind, dus wij willen wij graag door op de ingeslagen weg."
As ik nei de plannen sjoch, dan is it de VVD mei in PVV-sauske deroer hinne. Minder asylsikers en fierder is it rjochts belied.
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA)
Twadde Keamerlid Eline Vedder fan it CDA wiist ek op it NPLG en benammen op it skrassen fan de miljarden euro's dy't foar it transysjefûns útlutsen wiene. Sy is benaud dat de boeren it slachtoffer wurde fan it belied fan BBB-minister Femke Wiersma.
"Ik twijfel niet aan de intenties van de minister. Maar de doelstellingen op het gebied van natuur en stikstof blijven wel overeind, dus we beginnen eigenlijk opnieuw. En dat doen we zonder geld en eigenlijk ook zonder tijd, terwijl we met een heel urgente mestcrisis zitten."

'Mem is mei'

Foar Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA is it in spesjale dei. Hy hat foar de earste kear syn mem meifrege, seit er.
Hy makket him soargen oer de plannen fan it nije kabinet. Sa wurdt it motto 'Elke regio telt' wol neamd yn de plannen, mar is dêr neffens De Hoop gjin ekstra jild foar frijmakke. "Dat fyn ik teloarstellend. Kinst noch safolle ambysjes ha, mar wannear't dêr gjin jild foar útlutsen wurdt dan bard it net."
Keamerlid Habtamu de Hoop makket him soargen oer de nije koälysje
Fierder hopet it Keamerlid dat de plannen de kommende dagen noch bystjoerd wurde wannear't deroer debattearre wurdt yn de Twadde Keamer.
"As ik nei de plannen sjoch, dan is it de VVD mei in PVV-sauske deroer hinne. Minder asylsikers en fierder is it rjochts belied. Ik tink net dat dat it belied is wêr't de kiezer om frege hat."

Waadeilannen

Yn it regearakkoart fan ôfrûne freed waard it Waadgebiet net neamd. "Dat dêr neat oer sein wurdt, jout ek romte", seit Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD. Sy wol de oare Fryske Keamerleden opsykje om it regionale lûd hearre te litten.
VVD-Keamerleden Aukje de Vries (rjochts) en Roelien Kamminga (links) by it moarnsbrochje
© ANP
De Vries: "Ik tink dat it kabinet oan de slach moat mei de nije fargeul nei It Amelân bygelyks. Dêr moatte wy as Fryske Keamerleden ús dan ek mar oer útsprekke."

Protest fan Marit Bouwmeester

Yn Den Haach is ek de bêste olympyske sylster ea oanwêzich. Marit Bouwmeester protestearret tsjin de ferheging fan de btw dy't ek de sport reitsje sil. "Sport moat net allinnich foar de elite wêze, mar foar elkenien", seit se.
In spandoek by it protest tsjin de ferheging fan de BTW
© ANP
Bouwmeester hie har oansletten by in groepke promininten út keunst, hoareka en sport dat oan de Prinsessegracht yn Den Haach protestearre. "Wy binne allegear begûn by in lokale sportklup om mei freontsjes wille te hawwen. Dat kin útgroeie ta wat moais. Dêrom moat sport foar elkenien tagonklik wêze."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.