Dit jier gjin Fryske hynders foar Glêzen Koets op Prinsjesdei: hoe sit dat?
De Glêzen Koets wurdt tiisdei op Prinsjesdei net lutsen troch Fryske hynders. Dit jier giet de eare nei acht Gelderske hynders.
De hynders dy't elk jier de koetsen op Prinsjesdei lûke, komme út de keninklike stallen. De kening hat 24 fan dizze saneamde 'koetspaarden'.
Fryske en Gelderske hynders
Tolve dêrfan binne hynsten út it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek. De oare tolve binne Gelderske hynders, út it Koninklijk Warmbloed Paardenstamboek Nederland.
Sechstjin fan de keninklike hynders wurde alle jierren ynset op de tredde tiisdei fan septimber. Acht fan harren lûke de Glêzen Koets mei kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en prinses Amalia.
Om en om
It iene jier binne dit acht Friezen, it oare jier acht Gelderlanners. Se wikselje inoar dus ôf.
Ferline jier wiene it Valke, Welmer, Ziert, Tiebe, Ysir, Yvan, Arnoud en Xerox dy't de kening en de keninginne troch Den Haag ride moasten.
Hoewol't de Gelderske hynders dit jier de Glêzen Koets lûke, komme der wol Fryske hynders yn aksje.
Oare koetsen yn de stoet
De koets mei prinses Alexia, prins Constantijn en prinses Laurentien wurdt tiisdei lutsen troch de Fryske hynders Zelman, Welmer, Arnoud en Xerox.
De Galaberline is in koets foar de hofhâlding en wurdt dit jier lutsen troch Ysir en Yvan. In twadde koets foar persoaniel hat de Friezen Tiebe en Ziert derfoar.
Takom jier, as de Fryske hynders wer brûkt wurde foar de Glêzen Koets, wurde de Gelderske hynders ynset foar de oare koetsen.
De Fryske hynders mochten yn 1989 foar it earst opdrave. Dat barde op inisjatyf fan prinses Beatrix. Sy is beskermfrou fan de Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden Stamboek, sa as it KFPS folút hjit.
It wie ek Beatrix dy't bepaalde dat de Fryske en Gelderske hynders tenei om en om de Koets lûke soene. Doe wie dat trouwens noch de Gouden Koets.
De hynders yn de keninklike stallen wurde oankocht wannear't se fiif jier âld binne. It binne allegear hynsten, gjin merjes. Dat soe allinnich mar gedoch opsmite kinne.
Nei in basistraining dogge se sa'n 15 jier tsjinst.
Fryske namme
Yn tsjinstelling ta de Gelderske hynders hâlde de Fryske hynders harren namme as se oankocht wurde troch it paleis.
Alhoewol... It ferhaal giet dat prinses Beatrix sa no en dan sels in namme betocht foar ien fan de nije Friezen.