Hoe't Jasper 366 fan Jislum de wrâldferneamde 'King of the Stallions' waard

Jasper 366
Jasper 366 © Omrop Fryslân
Yn it lytse Fryske doarp Jislum stiet in hynder. Net samar in hynder, mar in wrâldstjer. It is Jasper 366. As hy stiet te weidzjen, dan sjogge je neat bysûnders oan him. Mar sadree't hy optreedt yn de ring, binne de minsken net te hâlden.
It begûn as in brutaal fôle mei krêftige efterskonken, de rest is skiednis. Dit is it ferhaal fan 'Kening Jasper 366', de ferneamdste Fryske dekhynst fan alle tiden.
Yn Fryslân sjochst se in soad: de prachtige en steatlike swarte hynders. Ek yn de rest fan de wrâld binne Fryske hynders tige populêr.
Sûnt Jasper as trijejierrige hynst dekke mocht, hat hy mear as 2.500 dekkingen dien. Syn neikommelingen gean de hiele wrâld oer, want Jasper syn eigenskippen binne unyk. En sa waard Jasper wrâldferneamd.

Wrâldstjer yn Jislum

En dat ferhaal fan Jasper spilet him allegear ôf yn Jislum. Teake en Gooitske Wijma binne eins feehâlders. "Mar doe't wy Jasper as fôle seagen, tochten wy: wy besykje it ek ris. Der binne sa'n soad minsken dy't besykje in dekhynst te krijen, dat wy besochten it ek mar in kear. En dat is bêst slagge", seit Teake Wijma.
Op 11 jannewaris, presys in jier nei it ferstjerren fan Jasper 366, is de film 'Kening Jasper 366' yn premjêre gien. Dit wykein is de film as FryslânDOK te besjen op telefyzje. Sneon 13 jannewaris om 15.30 oere by NPO2 en snein 14 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.
En dat Jasper populêr is, is in understatement. Op de jierlikse Hynstekeuring yn Ljouwert is it publyk út 'e skroeven sadree't Jasper 366 de ring yn komt. Minsken gean stean, der komme triennen en it publyk is net mear te hâlden."
Jasper 366 op syn earste Hynstekeuring
Jasper 366 op syn earste Hynstekeuring © Omrop Fryslân
"Eins wiene wy op de Hynstekeuring foar in hiel oar projekt", sjocht Elke Vervoort fan filmkollektyf Noormannen werom. It kollektyf makke de FryslânDOK 'Kening Jasper 366'.
"Mar doe kaam Jasper binnen. Alles feroare. Wy hawwe elkoar oansjoen en fregen ús ôf: wat gebeurt hjir? Sa binne wy yn it ferhaal fan Jasper dûkt en doe wie it al gau dúdlik: dit is bysûnder."

"Je hawwe mar ien kear wat goeds"

Ek op syn 25e wie der noch altyd in soad fraach nei neikommelingen fan de dekhynst. En meardere kearen hat de famylje Wijma in behoarlik bod krigen om Jasper te ferkeapjen.
Mar it is noait yn harren opkommen om Jasper fan de hân te dwaan. "Je hawwe mar ien kear wat goeds en dat wolle je dan hâlde en sels meimeitsje", seit Gooitske Wijma. "En dat wy him noait ferkocht hawwe, dêr ha wy noait spyt fan hân."
Jasper 366 backstage by syn lêste Hynstekeuring
Jasper 366 backstage by syn lêste Hynstekeuring © Omrop Fryslân

Pensjoen

Nei 25 jier mocht Jasper mei pensjoen. Op de Hynstekeuring is mei in soad bravoer ôfskied naam fan 'The King of the Stallions'. Dêrnei hat Jasper noch in pear jier yn Jislum yn de greide stien. "Jasper is in famyljelid", fertelt Teake Wijma. "Hy hat ús libben hielendal feroare."