FryslânDOK: Sjitte op wolven of in stek om ús provinsje, moat dat no sa?

De dokumintêre 'Stienmurd, jakhals, wolf' wurdt dit wykein útstjoerd op Omrop Fryslân en NPO2
Byld út FryslânDOK © Omrop Fryslân
De Europeeske Kommisje wol it makliker meitsje om wolven ôf te sjitten. De wolf soe dan fan 'strikt beskerme' nei 'beskerme' gean.
Op dit stuit is it al wol mooglik om wolven ôf te sjitten, mar de betingsten dêrfoar binne hiel strikt. Sa moat it doel konkreet wêze om skea te foarkommen en der moat gjin oar alternatyf mooglik wêze. De wolf moat ek 'yn in geunstige steat fan ynstânhâlding' wêze op it plak fan ôfsjitten.
It soarget foar wikseljende reaksjes en ek foar kopsoargen. Benammen troch grutte mieningferskillen tusken natuerbeskermers en fertsjinwurdigers fan de feehâlderij.
It feroarjende natuerbyld foel dokumintêremakker Albert Jensma ek op. Hy makke de FryslânDOK 'Stienmurd, jakhals, wolf' oer it feroarjende lânskip en de bisten dy't dêr wol as net yn passe.
"De fraach dy't foarleit is: Wat dogge we mei bisten dêr't de measten fan fine dat se hjir net thús hearre om it simpele 'feit' dat se net passe yn it byld dat we fan Fryslan graach ha", sa seit Jensma.
"Litte we dy nije natuer oer ús hinne komme en stelle we dat byld by of sette we in stek om Fryslân en jeie we de nijkommers derút of sjitte we se dea?"
Wat de nije status fan it bist ek wurdt, de wolf stiet wer op de politike aginda. En dat betsjut benammen dat de kopsoargen oer de wolf noch lang net oer binne.
'Stienmurd, jakhals, wolf' wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 6 jannewaris om 15.30 oere en op snein 7 jannewaris by Omrop Fryslân om 17.00 oere. Dêrnei wurdt de útstjoering alle oeren werhelle.