Aksjegroep breidet en besiket wol fan skiep wer wearde te jaan

WOL - tusken priis en wearde
WOL - tusken priis en wearde © Omrop Fryslân
Wol is neat mear wurdich. Alteast, ast rekkenest yn euro's. Skieppeboeren moatte der jild op talizze om de bisten te skearen en de wol te ferkeapjen. Mar der is hoop foar dit natuerlike, lokale, duorsume produkt.
Dizze moanne noch stie grut yn de Ljouwerter Krante: "Het is koud: weer meer vraag naar schapenvacht". By kâld waar hâlde minsken harren blykber graach waarm mei in skieppekleed.
Mar dêr't de tekkens as waarme broadsjes oer de toanbank geane, is wol fan it skiep net oan de strjitstiennen te ferkeapjen. En dat is in probleem, fine de froulju fan aksjegroep Pleed.
Yn de FryslânDOK 'WOL: tusken priis en wearde' ûndersiket filmmakker Albert Jensma de wearde fan wol:
"Sûnt koart witte wy dat de oseanen fol sitte mei mikroplestiks", seit ien fan de froulju fan Pleed. "Dat komt fan it waskjen fan syntetyske klean. It plestik komt yn de natuer, yn bisten en yn minsken. Wolle wy oerlibje as minsken, dan moatte wy oare dingen dwaan."
Skieppehoeder Sam Westra mei syn kudde
Skieppehoeder Sam Westra mei syn kudde © Omrop Fryslân
By Pleed krije se de wol fan skieppehoeder Sam Westra. De froulju ferwurkje de wol fan begjin oant ein: fan it waskjen oant it spinnen fan tried. En fan de wol meitsje se sokken, tekkens en mear.
Sa wolle se sjen litte wat de wearde is fan Fryske wol dy't no foar dumpprizen mei it skip nei Azië giet.
Breidzje
Breidzje mei wol © Omrop Fryslân
"Er is een lange weg te gaan", seit Johanna van Benthem fan Pleed. "Maar we vinden dat het verwaarlozing zou zijn als we niet overdragen aan de jeugd dat je niet blij wordt van de aanschaf van dingen."
"Als alternatief kun je bezig zijn , met je handen werken. Misschien ben je ergens een jaar mee bezig, maar heb je er de rest van je leven plezier van. Dat zijn waarden die belangrijk zijn om over te dragen."
'WOL: tusken priis en wearde' wurdt útstjoerd by NPO2 op sneon 23 desimber om 15.30 oere en op snein 24 desimber by Omrop Fryslân om 17.00 oere. Dêrnei wurdt de útstjoering alle oeren werhelle.