Dizze Fryske kapper makket premier Schoof Prinsjesdei-ready
Prinsjesdei stiet foar de doar, dus komme de huodsjes wer fan de plank. Mar ek ûnder de holledeksels moatte de ministers der fansels kreas útsjen. En dat bart mei Fryske help.
Syta Westra wurket gewoanwei as kapper op it stasjon fan Ljouwert. Mar foar Prinsjesdei is har wurkplak foar it twadde jier op rige even ergens oars. Sy is ien fan de kappers dy't de ministers en steatssekratarissen knippe op Prinsjesdei.
Dit jier mocht sy sels it kapsel fan de minister-presidint ûnder hannen nimme.
Dizze Fryske kapper makket ministers Prinsjesdei-ready
Al foar de fiifde kear op in rige is in kappersstudint fan Firda (foarhinne Friese Poort) Nederlânsk Kampioen wurden op it Skills-toernooi. Dêr stride de bêste fakstudinten fan skoallen oer it hiele lân om de titel.
De winner fan de kappers mei altyd pommeranten op Prinsjesdei knippe. Mar omdat de kampioen fan dit jier no by de wrâldkampioenskippen yn Lyon, Frankryk sit, mei Syta op en nij nei Den Haach.