Fries Museum mei troujurk Máxima liene foar tentoanstelling: "Ze zei ja"
De troujurk fan keninginne Máxima is de kommende moannen te sjen yn it Fries Museum. It is ûnderdiel fan de tentoanstelling 'Ja, ik wil'. "Ze leent niet zomaar haar jurk uit. Je moet haar zelf vragen en ze zei ja."
"It wie in hichtepunt dat Máxima mei dizze prachtige jurk yn byld kwam op 2 febrewaris 2002", seit keningshûskenner Bearn Bilker. "It momint dat se de Westerkerk binnenkaam wie hiel moai." Bilker kin him de trouwerij noch goed heuge.
Adiós Nonino
It wie in simpele jurk mei in hege hals en in lange sleep fan kant. Mar ít momint fan de trouwerij wiene dochs wol de triennen fan Máxima by it tango-liet Adiós Nonino. Dat waard spile op de bandoneon troch Karel Kraayenhof.
De troujurk fan Máxima is de kommende tiid te sjen yn it Fries Museum
"Foarôf wiene der in soad muoilikheden troch de heit fan Máxima." Jorge Zorreguieta wie ûnderdiel fan it diktatorialerezjym fan Videla yn Argentinië. Under dat rezjym binne in soad minsken ferdwûn.
"Der waard doe hiel bot op oandrongen dat de heit net komme mocht op de brulloft. Moatst dy foarstelle, fan dyn eigen dochter. En dat leit by Argentynske famyljes noch lestiger as by ús. Dus dat wie in hiel 'hard gelag' foar Máxima."
Bekende jurken
Yn totaal binne sa'n sechtich jurken mei persoanlike ferhalen derby te sjen yn de tentoanstelling Ja, ik wil. It giet oer brulloften oer in perioade fan 250 jier. In protte jurken komme út de eigen kolleksje, mar der sitte ek liende jurken by. Sa lienden YouTube-bekendheid Nikkie de Jager, sjongeres Anouk en prinses Carolina harren jurken út.
Har beide âlden wiene úteinlik net oanwêzich by de trouwerij en dat gemis kaam ta utering mei it tango-liet. De oansteande keninginne koe it net drûch hâlde. "Hiel it lân wie rekke, ik ek."
Begraffenissen wiene ea wichtiger
Dizze trouwerij wie hiel wichtich foar de Nederlânske monargy, en dat hat net altyd it gefal west foar keninklike brulloften. Oant fier yn de njoggentjinde iuw wiene keninklike trouwerijen hielendal net sa grut en sa belangryk.
"It heart wat gek wat ik no sis, mar in grutter feest wie it by keninklike begraffenissen. Doe wie eltsenien frij en gie derhinne. Dat wie ek yn Ljouwert sa by de steedhâlders", fertelt Bilker.
Brulloften waarden yn de tweintichste iuw dus wichtiger en dat hat neffens Bilker te krijen mei it gesicht fan de monargy. "Je moatte je sa no en dan sjen litte en wat is der moaier as in trouwerij? Rûnom yn it lân is it feest."
By it Fries Museum binne se o sa bliid dat it slagge is om de troujurk fan Máxima nei Ljouwert ta te krijen. "Die leent ze niet vaak uit. De jurk is wel al een paar keer te zien geweest in het Loo en in de Nieuwe Kerk. Je moet dat aan haar vragen en zij besluit of ze dat wel of niet doet", leit konservator Eveline Holsappel fan it museum út. "En ze zei ja."