Omrop Fryslân

Keninginne Máxima kocht faak Fryske pipermuntblikken foar har mem: "Die verzamelt ze"

Wilhelmina Pipermunt
© Fortuin Dockum BV
Keninginne Máxima hat jierrenlang in trouwe keaper west fan blikken pipermunt mei foto's fan de keninklike húshâlding.
Dy pipermunt wurdt makke yn Dokkum.
It giet om de saneamde Wilhelmina-pipermunt. Dy is yn 1892 ûntwikkele as earbetoan oan prinses Wilhelmina, omdat dy doe 12 jier âld waard. De fabrikant, Fortuin, bestie dat jier 50 jier.
Máxima kocht de Fryske pipermuntblikken altyd foar har mem María del Carmen Cerruti Carricart. Dy sammele se. Dat sei de keninginne by in besite oan in kringloopwinkel yn Rotterdam.
Máxima op har besite yn Rotterdam
© ANP
Ien fan de meiwurkers wiisde Máxima op de blikken dy't dêr ferkocht wurde. "Met jouw foto erop, met het kindje", sei de frou, dy't in blik sjen liet mei in jonge kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en poppe Amalia.
"Het eerste kindje", sei Máxima. Se pakte in blik mei in jeugdfoto fan Amalia, Alexia en Ariane. "Ik kocht deze voor mijn moeder. Die verzamelt ze allemaal. Zo mooi."
Wol foel har wat op. "De inhoud is er niet meer", sei se laitsjend.
Yntusken liket it derop dat mem María sels pipermuntblikken keapje kin: neffens Spaanske media wennet se tsjintwurdich yn Nederlân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.