Keninginne Máxima yn Fryslân foar tema sirkulariteit: "We hebben maar één planeet"
Keninginne Máxima alwer yn Fryslân, diskear foar sirkulariteit: "Mooi om te zien hoe Friesland hiermee bezig is"
Juny is oant no ta dé moanne fan de keninklike besites: nei de komst fan kening Willem-Alexander nei Sint-Jabik en Heech en de iepening fan in museum yn Hylpen troch keninginne Máxima, wie de keninginne woansdei op besite op It Hearrenfean en yn Ljouwert.
Dêr't earder mienskipsinisjativen en in folslein fernijd museum de oanlieding wiene, is Máxima woansdei nei Fryslân ôfreizge yn it ramt fan duorsumens en sirkulariteit.
Deputearre Friso Douwstra, direkteur John Vernooij fan Omrin en direkteur Evert Jan van Nijen fan Vereniging Circulair Friesland ûntfongen de keninginne op It Hearrenfean by Omrin.
"Dit maak je niet zo vaak mee, dit is echt fantastisch", seit Hein Grafhorst fan Omrin. Hy is wiis mei de ynteresse fan de keninginne. "Ze heeft zich heel goed voorbereid en stelt hele goede vragen. Compliment."
Oranjefans
Net allinnich foar meiwurkers fan de bedriuwen dy't de keninginne oandie wie it in bysûndere dei. In groepke Oranjefans wachte Máxima oan de ein fan de dei op by Miedema yn Ljouwert.
Ien fan de fans is hielendal yn it oranje: "Voor de koningin. Ze is hier, op zeven minuten van m'n werk, dus ik dacht: daar moet ik heen."
In oare keningshúsfan dy't emigrearre nei Kanada is tafallich wer efkes yn Fryslân en koe dizze kâns net sjitte litte. "Vooral sinds ik geëmigreerd ben voel ik: Máxima, dat blijft mijn koningin." In oar seach Máxima foar it earst. "Heel bijzonder."
Sirkulariteit
"Dat je besite krije fan de majesteit jout wol oan hoe wichtich oft it ûnderwerp sirkulariteit is", seit deputearre Douwstra. Hy is tige wiis mei de ynspanningen fan Vereniging Circulair Friesland om de keninginne nei Fryslân te krijen, "en it belang sjen litte fan mear as 170 bedriuwen yn Fryslân dy't mei sirkulariteit oan de gong binne."
"Ik geloof dat we maar één planeet hebben en we willen allemaal leuke dingen hebben, maar dat moet van iets gemaakt worden", seit Máxima. "Het is fantastisch als er meer hergebruikt wordt. Het is heel mooi om te zien hoe Friesland hiermee bezig is."
Oan de ein fan de dei moast se dy kant wol echt op, want dochter Alexia is jierdei: "Ik moet nu rennen, anders kom ik niet op tijd!"