Sint Jabik yn 'e pronk foar kening Willem-Alexander: "Der hinget in hiel leuke enerzjy"
Yn it âlde skoalgebou fan Sint Jabik binne grutte sylseilen ophongen. Der hinget spanning yn de loft, want fan 'e middei komt kening Willem-Alexander del. Foar moetingsplak De Opstap is it in bysûnder barren.
Frijwilligers hawwe oant it lêste momint dwaande wêst om de puntsjes op de i te setten.
"Wy binne al in oantal wiken op de hichte fan de komst fan de kening. Dus alle winsken dy't wy hiene, ha wy dizze lêste wike noch even yn oarder makke", seit eigener en inisjatyfnimmer Bertina Algra.
"Mar wol hiel aardich, der hinget in hiele leuke enerzjy no", heakket se ta.
Grutte sylseilen
Ien fan dy saken wie it ophingjen fan grutte seilen yn de 'hangout-romte', de romte dêr't jongelju byinoar komme kin om te poolen of te gamen.
De seilen hiene se al sawat twa jier lizzen, mar troch de komst fan de kening wurde se lang om let ophongen.
Bertina Algra kaam in pear jier lyn op it idee om dit op te setten yn har stúdzje Social Work yn Ljouwert. It doel wie om in plak te meitsjen dêr't alle ynwenners fan it doarp har thúsfiele.
Nei binnen rinne foar in bakje kofje of om in aktiviteit te dwaan, soe foar eltsenien mooglik wêze moatte, fynt Algra.
"Benammen minsken dy't it minder troffen ha yn it libben moatte deselde kânsen krije as oaren. Mar wy dogge net oan doelgroepen, it is echt foar eltsenien. Sa krijst ek dat minsken dy't inoar gewoanwei net moetsje soene, dat no wol dogge."
It ferskaat oan leeftiden is grut, seit Algra. "De jongste is krekt trije wiken âld en de âldste is boppe de tachtich."
Opknapt
Yn de âlde skoalle sieten earder kreakers . Yn 2020 krige Bertina de kaai fan it gebou. Troch de ferfallen steat moast der in hiel soad opknapt wurde. No hawwe alle lokalen wer in doel.
Yn it iene lokaal sit in atelier, yn it oare in winkel foar twaddehânsk klean. Minsken kinne dêr mei in soarte fan strippekaart fergees alle seizoenen tsien stikken klean ophelje.
Grientetún en atelier
Bûten rinne hinnen en kavia's om. Ek is der in grutte grientetún dêr't yn wurke wurde kin. Yn de húskeamer stiet altyd in bakje kofje klear foar wa't it wol.
Algra krige fan it Oranjefonds subsydzje om har dream út te fieren. "Dat wie foar harren bêst in gok, ik woe it echt folslein fan ûnderop dwaan. Dat wie yn de oanfraach ek bêst in útdaging."
Willem-Alexander is mei keninginne Máxima it 'beskermpear' fan it Oranjefonds en hat dit projekt keazen om te besjen.
"Wy binne ekstra grutsk dat we fan it betrouwen yn it projekt dit meitsje kinnen ha."
Sa makket De Opstap him klear foar de besite fan de kening
Hjoed krijt de kening dus in wiidweidige rûnlieding. Mei in boadskip: "Wy wolle de kening meijaan dat sa'n sintrum hiel wichtich is, ek op oare plakken yn Nederlân", seit Algra.
"Wy sjogge wat it mei minsken docht, it gefoel dat je der by hearre en meidwaan kinne, dat is foar eltsenien wichtich."