Omrop Fryslân

Kening Willem-Alexander nije wike op besite by netwurksintrum Sint Jabik

Kening Willem-Alexander by in besite oan Marienvelde
© ANP
Kening Willem-Alexander komt nije wike woansdei nei Fryslân ta. Hy sil op 5 juny op besite by it netwurksintrum De Opstap yn Sint Jabik.
De kening kriget in rûnlieding by de húskeamer foar taalles, de wurkpleats, it atelier, de keuken en de grientetún del. It sintrum wol in bydrage leverje oan de mienskip fan Sint Jabik en omkriten.
Der wurde ferskate aktiviteiten organisearre foar minsken út de omjouwing, dêr't ek minsken mei in minder geunstige eftergrûn by belutsen wurde. It sintrum wurdt stipe troch it Oranje Fonds. De kening en keninginne binne beskermpear fan it Oranje Fonds.
Kening Willem-Alexander
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De lêste kear dat Fryslân keninklike besite hie wie yn maaie fan 2023. Doe diene kening Willem-Alexander en keninginne Máxima yn twa dagen tiid alle Waadeilannen oan.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.