Keninginne Máxima komt opnij nei Fryslân, diskear nei It Hearrenfean en Ljouwert
Keninginne Máxima komt op woansdei 26 juny opnij nei Fryslân ta. De keninginne bringt dan in besite oan ferskate Fryske bedriuwen dy't sirkulêr wurkje. Máxima komt op útnûging fan Vereniging Circulair Friesland.
De dei begjint by ôffalbedriuw Omrin op It Hearrenfean. Se krijt dêr útlis oer de ûnderfiningen dy't Omrin en syn partnerbedriuwen hawwe mei it opnij brûken fan grûnstoffen. Dêrneist krijt se in rûnlieding troch it Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics.
Nei Omrin giet Máxima nei Nedcam Solutions, in bedriuw dat mallen makket foar de maritime yndustry en de bousektor. Dêr litte se ûnder mear sjen hoe't harren 3D-robotprinter wurket.
De dei wurdt ôfsletten by Miedema Bouwmaterialen yn Ljouwert. Dat bedriuw spilet in wichtige rol yn it sirkulêr bouwen yn Fryslân, bygelyks op it mêd fan biobased bouwen.
Tredde besite yn ien moanne
It is de safolste keninklike besite oan Fryslân yn koarte tiid. Op 5 juny wie kening Willem-Alexander al yn Heech en Sint Jabik, kommende wike iepenet Máxima it fernijde Museum Hindeloopen.