Bysûndere besite yn Murns: "De koning zei zelf dat hij naar Friesland wilde"
Nationale Vereniging de Zonnebloem bestiet woansdei 75 jier en dat fiere se yn Fryslân, méi kening Willem-Alexander. Foar sa'n besite moat fansels ien en oar regele en taret wurde, mar se binne der no hielendal klear foar.
"Het staat allemaal goed in de steigers", seit ferieningskonsulint Mirjam van Sonsbeek fan de frijwilligersorganisaasje. "We kijken er natuurlijk heel erg naar uit."
De Zonnebloem is in lanlike organisaasje mei fêstigingen yn hiel Nederlân. Dochs komt de kening allinnich nei Murns. "De koning heeft zelf aangegeven dat hij het jubileum in Friesland wilde bijwonen", fertelt Van Sonsbeek optein.
Tagonklikheid
De feriening set him al jierren yn foar minsken mei in lichaamlike beheining. It tema fan de besite is dan ek net hiel ferrassend: tagonklikheid.
Minsken mei in lichaamlike beheining hawwe neffens Van Sonsbeek noch alris problemen as se deropút wolle. "Het is niet altijd even toegankelijk, stoepen zijn niet altijd gelijk en toiletten in horecagelegenheden zijn niet altijd toegankelijk met een rolstoel."
Dat is voor veel mensen echt een gevoel dat ze niet helemaal langs de zijlijn staan.
Zonnebloem komt op foar dizze groep en fersoarget útstapkes, lykas mei in spesjale rolstoelfyts. Dat is in fyts dêr't in rolstoel foarop kin. "Daar laten we de koning ook kennis mee maken."
Se leit út dat in frijwilliger dan mei ien mei in lichaamlike beheining fytse kin. "Echt even lekker fietsen, dat is voor veel mensen echt een gevoel dat ze niet helemaal langs de zijlijn staan."
Yn ús provinsje steane yntusken tweintich fan sokke fytsen, dy't minsken reservearje kinne.
Woansdei sil ekstra omtinken wêze foar jonge minsken mei in lichaamlike beheining. "Die zijn er zeker ook in Friesland. Ook als je jong bent kun je er tegenaanlopen dat niet alles vanzelfsprekend gaat."
In groep jongerein sil in workshop hânbôgesjitten dwaan. "Ook vanuit een rolstoel kan dat. Zo doen ze eigenlijk elke maand wel leuke activiteiten."
De kening sil ek yn petear mei frijwilligers, dielnimmers en donateurs fan de Zonnebloem. Ta beslút is der noch ien workshop: ûnderfine hoe't it is om lichaamlik net alles mear te kinnen. "Dat is vooral om bedrijven en vrijetijdslocaties te laten ervaren hoe het is om in een rolstoel te zitten of niet goed te kunnen zien."
"En hoe zwaar het is om je armen of benen niet goed te kunnen gebruiken, dat het bijvoorbeeld lastig is om boven een toonbank uit te kijken."
Van Sonsbeek sjocht út nei de besite fan de kening en hopet op in dei om "bewustwording te creëren".