Sporte mei demintsy: "Foar it liif is it goed, en foar de harsens ek"
It Odensehûs Dirk Baron yn Drachten hat no ek in lokaasje dêr't minsken mei demintsy sporte kinne. Dat moat in posityf effekt ha op de ferjitlikheid.
Der binne no tsien saneamde Odensehuzen yn Fryslân. Itt binne moetingsplakken dêr't minsken mei demintsy mei har mantelsoarger op in leechdrompelige wize binnenstappe kinne foar help by de sykte.
Odensehûs Dirk Baron wreidet út mei twa nije lokaasjes, ien dêr't je sporte kinne, yn Drachten, en in gewoane lokaasje yn Oerterp.
Fuotbalferiening VV Drachtster Boys stelt alle wiken de bestjoerskeamer beskikber foar de sportaktiviteiten.
"Wittenskiplik moat der noch in hiel soad útsocht wurde, mar troch te bewegen, kinne je mooglik it demintsyproses fertraagje", seit foarsitter Jaap Broersma fan de stichting efter it Odensehûs Dirk Baron.
"Foar it liif is it goed, en foar de harsens ek. Wy hoopje dat de soarchfraach en de help dy't minsken mei demintsy nedich hawwe letter komt."
Sporte mei demintsy
Under lieding fan in profesjonele trainer fan Sportbedrijf Smallingerland dogge dielnimmers ek oan kognitive fitness. Dizze foarm fan fitness rjochtet him net allinnich op it lichem, mar traint ek de harsens.
"Ik daag ze uit met de hersenen, maar laat mensen ook bewegen", seit trainer Sytze Pieksma. "Bijvoorbeeld squadbewegingen doen en ondertussen het alfabet opnoemen. Of een stap naar links zetten met een klinker en een stap naar rechts bij een medeklinker."
Boppedat wurde der ferskate oare bewegingsfoarmen oanbean, dêr't moeting en gesellichheid sintraal by steane. "Ik hoop dat we snel een vaste groep hebben waar we een gezellige tijd mee kunnen opbouwen", seit Pieksma. "Iedere dinsdag starten we om negen uur 's ochtends bij VV Drachtster Boys."
Dirk Baron
It Odensehûs Dirk Baron is neamd nei Dirk Baron. By him waard alzheimer fêststeld doe't er 35 jier âld wie. Hy wie presintator en ferslachjouwer by Omrop Fryslân. Twa jier nei de diagnoaze is er ferstoarn. Hy liet in frou en twa bern nei.
Omrop Fryslân makke foar syn dea dizze oangripende reportaazje oer Dirk Baron en syn sykte.