Frysk is fan grut belang yn de soarch, fernimt Jesse Kroon: "It hat echt mearwearde"

Jesse Kroon fan Sint Nyk wurket yn de soarch
Jesse Kroon fan Sint Nyk wurket yn de soarch © Omrop Fryslân
It brûken fan de Fryske taal hat écht in tafoege wearde yn de soarch, fynt Jesse Kroon (29) fan Sint Nyk. Hy wurket sels yn de thússoarch. "It soarget foar fertrouwen ast yn dyn memmetaal prate kinst."
Kroon wurket sûnt ferline jier by soarchgroep Hof en Hiem. "Ik kom echt by de minsken yn 'e hûs. Ik gean de wyk yn en haw in rûte mei adressen."
Hy is opgroeid yn Skarsterbrêge en wennet no in doarp fierder. Kroon hat al in oplieding ta 'Verzorgende IG' ôfrûne, mar is no dwaande yn it twadde jier fan mbû ferpleechkunde by Firda yn Drachten.
Dêrnjonken is er dus oan it wurk as fersoargjende yn de thússoarch. "Al giet it net allinne om it jaan fan soarch. It binne minsken dy't in soad allinnich binne: foar harren is it moai dat wy efkes binnen komme en sy it gefoel krije dat sy der wêze meie."
Kroon wurket benammen yn Sint Nyk sels. "Ek om't wy yntinsive thússoarch oanbiede. Dêrfoar komme wy wolris sân, acht kear deis by in kliïnt del", fertelt hy. "It is hiel persoanlik: dat makket it wurk hiel leuk. Dat jout ek djipgong."
Jesse Kroon op 'en paad foar syn wurk
Jesse Kroon op 'en paad foar syn wurk © Hof en Hiem
Faak stapt hy op 'e fyts, al stiet der ek altyd in auto klear. Watfoar wurk der krekt dien wurde moat, ferskilt de kliïnt.
"De iene persoan help ik allinne by it oanklaaien, mar der binne ek minsken mei bygelyks in sondepomp. It kin ek wêze dat der ien op 'e grûn leit of hielendal oerstjoer is. Dan moatte je dy persoan ek gerêststelle en in feilich gefoel jaan."

Weromfalle op de memmetaal

Yn sokke gefallen is it Frysk tige brûkber, want fierwei de measte âlderein praat Frysk. "Hielendal as ien bygelyks demintsy hat en yn it Frysk grutbrocht is. Dan is it folle moaier as je yn de memmetaal mei-inoar prate kinne."
Foar in soad âldere minsken is it Frysk de taal dêr't se op weromfalle. "Mar ik fyn it sels ek noflik", jout Kroon ta.
"Want ik bin der ek mei grutbrocht en it stiet dochs it tichtste by my. It is moai dat as je op leeftiid binne en it begryp wat kwytreitsje, de feilichheid noch fine kinne troch de eigen taal te brûken. Dat is hiel weardefol."

Mei it Frysk kinst fierder komme

Ek út profesjoneel eachpunt kin it brûken fan it Frysk handich wêze. "Sa wie der by myn eardere wurk in frou mei demintsy. Myn Hollânske kollega krige it net foarinoar om har de klean oan te lûken en te waskjen. De frou rekke hielendal oerstjoer, want sy koe har net goed uterje."
Prate is o sa wichtich by it wurkjen yn de soarch
Prate is o sa wichtich by it wurkjen yn de soarch © Hof en Hiem
Uteinlik waard in Frysktalige kollega ynskeakele en dat holp. "Doe wie it gau klear. It die bliken dat der fan alles oan 'e hân wie. It wie ek wol fertrietlik: sy miste har man gewoan hiel bot en fielde har iensum. Yn it Frysk kaam dat der út, mar yn it Nederlânsk net."
Kroon hat dat earder ek wol by guon kollega's murken. "Guon hawwe wolris sein: mei myn Nederlânsk kom ik lang net safier as do mei dyn Frysk."
Taal kin fan wêzentlik belang wêze, tinkt hy. Hielendal as minsken troch harren syktebyld harsels minder goed rêde kinne, it paad wat bjuster reitsje en har minder goed uterje kinne.

'Hoazzen', wat binne dat?

Wol fernimt Kroon dat 'syn Frysk' wer oars wêze kin as it Frysk fan âldere minsken. "Ik wurke noch net sa lang yn de soarch, doe't der in frou wie dy't it oer 'hoazzen' hie. Ik tocht earst dat sy hurde wyn bedoelde, mar it wiene 'steunkousen'", fertelt hy laitsjend. "Dat smiet wol in grappige situaasje op."
Der wurdt op it stuit wurke oan in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy moat eltse fjouwer jier op 'e nij opsteld wurde. Yn de BFTK wurde ambysjes en plannen fêstlein op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Ut ferskate hoeken binne foarstellen yntsjinne, bygelyks út de kultuer, rjochtspraak en it ûnderwiis. Omrop Fryslân lit yn dizze rige bekende en ûnbekende minsken oan it wurd oer de takomst fan it Frysk.
Fryske les hat Kroon noait echt hân. "Op de basisskoalle wolris in 'ferdwaald leske', mar dat stelde net folle foar."
It praten giet him ek makliker ôf as it skriuwen. "Ik app wolris yn it Frysk, mar ik kin net floeiend Frysk skriuwe. Ik doch mar wat, simpel sein."
Mar dochs besiket hy it wól en Kroon fynt it ek wichtich om it Frysk út te dragen. "Ik bin grutsk op wêr't ik weikom en ik hoopje dat myn bern letter ek noch Frysk prate."

Taal yn de spotlights sette

Wol soe it Frysk wat him oanbelanget mear yn de spotlights setten wurde kinne. "It Frysk moat sichtber wêze, ek foar jongere minsken. As je it mear sjen litte, dan 'triggerst' minsken ek om it faker te brûken."
It soe moai wêze as der yn soarchopliedingen ek omtinken jûn wurdt oan taal, beslút Kroon. "Yn de âldereinsoarch kinne je der net omhinne. It soarget foar fertrouwen tusken dy en de kliïnten, omdatst yn de memmetaal prate kinst. It Frysk hat echt mearwearde yn de soarch."