Ek Fryske gemeenten wurkje oan ekstra opfangplakken foar Oekraïners
Ferskate Nederlânske gemeenten, wêrûnder Noardeast-Fryslân en Hearrenfean, sizze dat se konkreet dwaande binne mei de útwreiding fan it tal opfangplakken foar Oekraynske flechtlingen. Dat docht bliken út in rûngong fan parseburo ANP.
Der binne op it stuit problemen mei de opfangplakken. Der komme alle dagen mear flechtlingen as dêr't noch romte foar is.
Yn totaal binne der 92.170 plakken foar Oekraynske flechtlingen, mar dy binne hast allegear fol. Sa wienen der de ôfrûne wiken mar sa'n 200 bêden fuortendaliks beskikber.
De needopfang foar Oekraïners yn de Jaarbeurshallen yn Utrecht gie fan 'e wike sels ticht, omdat minsken út dy needopfang wei net trochstreame kinne nei reguliere opfang.
Minister Marjolein Faber (Asyl en Migraasje) hat gemeenten koartlyn frege om sa gau as mooglik foar mear opfangplakken te soargjen. Neffens it kabinet binne yn jannewaris 120.000 bêden nedich.
Hoefolle plakken Noardeast-Fryslân en Hearrenfean biede kinne, is net dúdlik.