Oekraynske Iryna wol fan Fryslân har thús meitsje: "It hat ús libben rêden"

Iryna Dehtiarova wennet mei har famylje yn it hotel
Iryna Dehtiarova wennet mei har famylje yn it hotel © Omrop Fryslân
Mei mear as hûndert lângenoaten wennet de Oekraynske Iryna Dehtiarova mei har húshâlding al twa jier yn hotel Amicitia yn Snits. Ek al is de oarloch nea fier fuort, yn Fryslân fiele se harren feilich.
"Ik hâld fan de minsken hjir yn Nederlân", seit Iryna. "Do kinst dêr sa maklik kontakt mei meitsje. Elkenien wol mei dy prate. Dat is hiel oars as yn Oekraïne. Ek op strjitte. Minsken sprekke dy hjir samar oan."
De tankberens is dan ek grut by de Oekrainers yn Snits. Kleie wolle se net, al hielendal net om't se de Friezen kennen leard ha as tige gastfrij. Mar dochs is ek yn hotel Amicitia soms de spanning fielber.
Fia sosjale media en telefyzje is it geweld lykwols altyd tichtby. De minsken dy't yn it hotel wenje, hawwe dêr wolris muoite mei. Dan slagget it net om it nijs te ferwurkjen. Yrritaasje en obsternatens binne somtiden it gefolch.
Het is mooi om te zien hoe mensen elkaar steunen en helpen.
Wurdfierder Christiaan Weening fan de gemeente Súdwest-Fryslân
"Het is heel goed te begrijpen. Maar we slagen er altijd in dat op te lossen", seit wurdfierder Christiaan Weening fan de gemeente Súdwest-Fryslân witte.
Neffens him is it ek net mear as normaal dat yn in mienskip fan 108 minsken dy't ticht op inoar sitte, sa no en dan friksjes ûntstean. "Ga maar na: je zit als individu met drie andere, onbekende mensen op een kamer. Zij hebben andere gewoontes en dagritmes. En dat al twee jaar lang."
De problemen wurde meastentiids al gau wer oplost. "We merken wel dat als de spanning in Oekraïne oploopt, men hier ook gespannener wordt. Dan is het mooi te zien hoe mensen elkaar steunen en helpen."

Mei húshâlding op 20 kante meter

Foar Iryna Dehtiarova skynt alle dagen de sinne yn Snits. Mei har man en twa jonge soannen wennet se yn hotel Amicitia. Se kaam dêr yn april 2022. Op de flecht foar de oarloch bedarre se mei har eigen húshâlding en har âlden yn Nederlân. Earst yn in tydlike opfang. Dêr wie it drok en wienen de bêden min.
Yn Snits koenen se terjochte yn in famyljekeamer yn it hotel. Yn in romte fan 20 kante meter steane fjouwer bêden, mei alles wat se meinaam ha op de flecht foar de Russen.
Iryna Dehtiarova wennet mei har famylje yn in hotel yn Snits
"We binne sa bliid dat we hjir sitte. It hat ús libben rêden", seit Iryna yn it Ingelsk. Se sit op Nederlânske kursus en it giet har hieltyd better ôf. Mar Nederânsk prate foar in ynterview doart se noch net oan.
Iryna wurket as kapster en ek har man hat wurk fûn. Dy wurket mei syn skoanheit as putsjeman foar it bedriuw fan de eigener fan it hotel.

Nederlanners binne iepen

Iryna fielt har wurdearre. "Ik hâld fan de minsken hjir yn Nederlân. Do kinst dêr sa maklik kontakt mei meitsje. Yn de kappersstoel ek, dan wol elkenien prate. Dat is hiel oars as yn Oekraïne. Ek op strjitte. Minsken sprekke dy hjir samar oan."
Mei de bern giet it ek goed. Sieten se earst op in spesjale skoalle foar flechtlingen, yntusken hawwe se de taal al sa goed yn 'e macht dat se meidraaie op in 'gewoane' skoalle.
Yn hotel Amicitia wurde 108 Oekraïnske flechtlingen opfongen
Yn hotel Amicitia wurde 108 Oekraynske flechtlingen opfongen © Omrop Fryslân
De opfang yn Snits wurket neffens it 'bed, bad, brood'-prinsipe, seit Weening. Trije kear deis wurdt yn it restaurant in miel klearmakke. Bewenners kinne ek sels iten meitsje. Dêrfoar is in lytse keuken beskikber.

Stipe en regels

Der binne waskmasinen en twa dagen yn 'e wike is der ien dy't de bewenners helpe kin by fragen oer bygelyks fersekeringen of wurk. Ek wurde der taallessen jûn.
Befeiliging is der net yn it hotel. Allinnich yn de nacht sit der in portier by de doar. Om de sfear en de leefberens goed te hâlden, binne der wol regels. Sa mei der yn iepenbere romten gjin alkohol dronken wurde.
De opfang is lanlik regele oant 4 maart 2025. Oant dy tiid binne de Oekraïners wis fan opfang. De gemeente Súdwest-Fryslân is yn petear mei de eigeners fan it hotel om it kontrakt te ferlingjen.
Oerdeis is it rêstich yn it hotel. "De measten binne oan it wurk", seit Iryna. Sels hat se har bern op skoalle en moat se middeis nei de kapsalon.
Dat har âlden neist har wenje yn it hotel hat ek in foardiel. "Dat is lekker tichtby en handich. As ik oan it wurk bin, dan hellet myn mem de bern fan skoalle."

Lyts mar goed

It is krap, har keamer. Der steane fjouwer bêden, in tafel en in kast fol skuon mei dêrneist twa fuotballen. "It is in moaie, mar net al te grutte keamer. It is lyts, mar goed genôch."
Iryna Dehtiarova wennet mei har famylje yn it hotel
Iryna Dehtiarova wennet mei har famylje yn it hotel © Omrop Fryslân
Oer de takomst neitinke is dreech. Mar Iryna hat har draai fûn, se wol graach yn Nederlân bliuwe.
"Wy tinke nei oer in takomst hjir. Ik wit allinnich net hoe. Der wenje hjir in soad minsken en it is in lyts lân mei te min huzen. Mar we wolle alles dwaan om hjir in takomst op te bouwen."