Friezen yn Oekraïne hâlde hoop, mar de oarloch is noch lang net oer

Willem Nammensma
Willem Nammensma © Willem Nammensma
Wylst Fryslân feestlik oan it nije jier begûn is, hie de oarloch yn Oekraïne gjin skoft mei de feestdagen. Mei twa Friezen yn Oekraïne sjogge wy werom en foarút op de situaasje yn it lân.
Willem Nammensma wennet yn Lviv, mar is op dit stuit efkes werom yn Warkum. "Ik bin krekt foar de krystdagen thúskaam en bliuw in wike as trije yn Fryslân om de feestdagen mei-inoar te belibjen."
Nammensma komt oarspronklik fan Seisbierrum, mar wennet yntusken alwer sa'n trettjin jier yn Oekraïne.
Hy wurket dêr foar in grut lânboubedriuw, benammen yn de jirpels. Dat wurk rint noch troch, om't de jirpels allinne yn Oekraïne sels ferkocht wurde. Mar de eksport fan oare gewaaksen is dreech.
It wurk yn de jirpels rint foarearst noch gewoan troch
It wurk yn de jirpels rint foarearst noch gewoan troch © Willem Nammensma
Krekt foar de ynfal fan Ruslân hat er syn frou Inge en bern Elise en Thijs nei Fryslân brocht. "It wie de fraach oft it eskalearje soe, mar it wie better dat se mar yn Fryslân wiene."
De húshâlding fûn earst plak yn in fakânsjehúske yn Terherne en letter by famylje. "Uteinlik hawwe wy fia fia in hûs yn Warkum krigen", fertelt Nammensma. Syn bern geane no nei skoalle yn Warkum en Boalsert.

Fan 2022, nei 2023 en 2024

It ferhaal fan it konflikt begjint him hieltyd dúdliker ôf te tekenjen. "2022 wie it jier fan it begjin fan de oarloch: eltsenien wie motivearre om te winnen. Yn 2023 kaam echt de hurde realiteit, mei in ekonomy dy't yninoar klapte", sa omskriuwt Nammensma it.
Nammensma oan it wurd foar syn wurk
Nammensma oan it wurd foar syn wurk © Willem Nammensma
En 2024? "It sjocht der op it stuit wol somber út foar Oekraïne. Sy binne folslein ôfhinklik fan bûtenlânske stipe, dy't minder wurdt." Dêrnjonken spilet ek noch it oarlochsgeweld yn Gaza, dat der dit jier bykaam is.
Nammensma hopet net dat it foar twaspjalt soarget: "De oarloch treft de minsken dêr like hurd." Mar dúdlik is wol dat it politike gefolgen hat.
Dochs fynt hy it wol dreech om foarsizzingen te dwaan. "As je yn Oekraïne binne, sizze je: dit lân sil noait opjaan."

Rekrutearring

Yn Oekraïne sels libbet op it stuit foaral de mobilisaasje, want it regear wol mear manlju rekrutearje. "De lêste moannen wurdt dêr in soad oer praat, ek by ús op it bedriuw. Dat komt ek om't it hieltyd dreger wurdt om in frijstelling te krijen as lânboupersoniel."
Aksje op 'e dyk
Aksje op 'e dyk © Willem Nammensma
Mar om de deaden, ferwûnen en manlju dy't al twa jier fjochtsje te ferfangen, binne in soad nije minsken nedich.
"De manlju fan 18 oant 60 jier meie it lân net út en de mobilisaasje wie fan 27 jier ôf, mar dat wolle se no nei 25 jier bringe. Dat jout eangst ûnder de befolking. Mar der is ek gjin oare mooglikheid: it is trochsette of opjaan."

Grutte loftoanfallen

De ôfrûne wiken wie it rêstich yn Lviv. Mar krekt no't Nammensma wer yn Fryslân is, wie der freed wer in grutte Russyske oanfal op in grut tal stêden. "It is wol belangryk dat minsken oandacht hâlde foar de oarloch", fynt Nammensma dêrom.
Wy moatte as mienskip wol efter de Oekraïners stean bliuwe.
Willem Nammensma
"Wy hawwe yn de Westerske wrâld de mooglikheid om minsken te helpen, harren ûnderdak en wer wat hoop te bieden. Ek al is it mar efkes, om ta rêst te kommen. Wy moatte as mienskip wol efter de Oekraïners stean bliuwe."

Jorrit Schreuder yn it súdwesten fan Oekraïne

Jorrit Schreuder komt fan oarsprong út Beetstersweach, mar wennet hjoed-de-dei yn Kyiv. Schreuder bringt de lêste dagen fan it jier lykwols troch yn Boekovel, yn it súdwesten fan it lân.
Jorrit Schreuder mei de famylje
Jorrit Schreuder mei de famylje © Jorrit Schreuder
Yn de Karpaten is Schreuder mei syn húshâlding oan it skyen, efkes de sinnen fersette. "We woenen der even út."
It libben giet gewoan troch yn Oekraïne, sjocht Schreuder. Fan 2008 oant 2011 wurke hy yn Oekraïne foar in lyts Britsk oalje- en gasbedriuw. Dêr trof er syn frou Ljoeda.
Jorrit Schreuder mei syn dochters
Jorrit Schreuder mei syn dochters © Jorrit Schreuder
Tegearre hawwe se ek in skoft yn Roemenië wenne, mar yn 2016 binne se weromgien nei Oekraïne. Mei harren dochters Anna en Vika wenje se no yn de haadstêd.
Dêr is it meast rêstich, al wie dat yn oktober oars. "Doe hawwe we in pear oanfallen hân mei raketten. It loftalarm giet ôf. Meastentiids is it falsk alarm, mar soms is der wol wat oan de hân", fertelt Schreuder.

"It giet mar troch"

De measte minsken yn Oekraïne bliuwe striidber, mar se wurde wol wat wurch fan de oarloch. "It giet mar troch", fersuchtet Schreuder. "En de bern binne soms wat eangstiger en ûnrêstiger. Mar kinst gewoan noch alles krije, we hâlde hoop."
Skye yn Oekraïne
Skye yn Oekraïne © Jorrit Schreuder
Oer de takomst doart Schreuder gjin útspraken te dwaan, al is it foarútsjoch net al te bêst.
"De stipe liket wat ôf te brokkeljen: yn de Feriene Steaten bygelyks en ek Hongarije en Slowakije binne se net mear sa happich. In ljochtpuntsje binne de F-16's dy't we fan Denemarken en Nederlân ferwachtsje. We hoopje dat dy hjir begjin takom jier komme kinne."

Net ûnderhannelje mei Ruslân

Guon minsken tinke no dochs nei oer it opjaan fan lân oan Ruslân, om no dochs mar te ûnderhanneljen. Schreuder wol dêr net oan. "Leaver dea as slaaf. Under de Russen libje, is ek net noflik. We hâlde hoop, mar as de stipe weifalt, is it oer."