Provinsje biedt kompensaasje yn jild en grûn oan boeren feangreidegebiet, mar hoefolle is de fraach
Nei trije jier leit der in kompensaasjeplan foar boeren yn it feangreidegebiet. Mei it Compensatie Systematiek Veenweiden (CSV) biede de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân boeren twa opsjes foar kompensaasje fan skea troch it ferheegjen fan it wetterpeil.
Boeren kinne kieze foar kompensaasje yn de foarm fan grûn of jild.
Fean is in gefoelige soarte grûn. As it drûch is, brekt it ôf. Mei boaiemdelgong as gefolch. Dêrneist komt der koalstofdiokside en stiksof frij en dat is min foar de natuer. In foarnaam doel yn it feangreideprogramma is om dat tsjin te gean.
Der komt kompensaasje foar boeren yn it feangreidegebiet
Om dat te dwaan, moat de grûnwetterstân yn it feangreidegebiet struktureel ferhege wurde om it fean wiet te hâlden. Dat hege wetterpeil is foar boeren lykwols net geunstich. Dy kinne it lân minder bewurkje en de opbringst wurdt minder.
Der wurdt dêrom al jierren sprutsen oer in kompensaasje foar de boeren yn it feangreidegebiet, mar jild wie der nea. Mei de CSV hoopje de provinsje en Wetterskip Fryslân dat jild wol binnen te heljen. It plan is opsteld yn gearwurking mei de feangreidegemeenten en lânbou- en natuerorganisaasjes.
Yn de CSV wurde trije soarten skea neamd, dêr't in fergoeding foar komme sil: fermogensskea, ynkommenskea en bykommende skea.
Fermogensskea: Lânbougrûn dy't wieter makke wurdt, leveret yn de measte gefallen in fermindere gersrisping op en gebrûksbeheiningen. Dat hat effekt op de wearde fan dy grûn.
Ynkommenskea: Troch it wiete lân binne de opbringsten fan bygelyks gewaaksen en molke in stik minder.
Bykommende skea: Dit is in sammelterm foar kosten dy't ien foar de kiezzen krije kin ûnder it CSV-proses.
It jild foar de kompensaasje moat út it Ryk wei komme. Deputearre Friso Douwstra kin net sizze hoefolle jild oft der nedich is: "We hiene in transysjefûns, mar der komt no in nij regear. Hoe't it eksakt ferdield wurdt, sille we de kommende moannen hearre."
En oft der genôch grûn beskikber komt, is ek noch mar de fraach. "We hawwe op dit stuit in bytsje grûn, mar net genôch. We binne der drok mei dwaande om dat op gong te bringen." De beskikbere grûn moat sammele wurde yn in saneamde 'grûnbank'.
"Der leit in hiele wichtige rol foar de provinsje om de grûnbanken goed foarm te jaan", seit Geart Benedictus. Hy fertsjintwurdiget de ferskate lânbou-organisaasjes yn it proses.
Hy seit mei klam dat boeren yn alle gefallen net ûnder twang fuort moatte. "Alles is frijwillich. Mar in boer kin wol sels de konklúzje lûke: as it sa wiet wurdt, wol ik hjir dan noch wol buorkje bliuwe? Of wol ik foar in part hjir buorkje bliuwe en foar in part búten it feangreidegebiet?"
Yn de earste helte fan 2023 is der in proef holden mei de systematyk yn it gebiet Aldeboarn-De Deelen, mei 4.000 hektare grûn en 55 boeren. Benedictus: "It alderbelangrykste is: it jout perspektyf foar de lânbou."
Maatwurk
It plan fereasket neffens Benedictus 'maatwurk'. "Elk bedriuw is oars, mar foaral ek elke feangrûn is oars. It klinkt op guon plakken folle mear yn as op oare plakken. Eltse wike hâlde der wer boeren op, dus dan komt der ek wer grun frij."
Natuerorganisaasje wolle ek al langer aksje, mar dit plan foldocht net hielendal oan harren ideëen. Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie: "It is in systeem dat útgiet fan skea. Dat makket it yngewikkeld, want je moatte hieltyd oantoane dat der skea is."
In op it each ambysjeus plan dêr't de betinkers fertrouwen yn hawwe. Mar jild is der noch net en de 'grûnbank' ek noch net. It plan falt en stiet boppedat mei tastimming fan de Europeeske Kommisje.
"Ik ha noch gjin offisjele reaksje krigen. De lûden dy't wy amtlik hearre, binne posityf. Yn it proses hawwe wy ek kontinu Brussel oanheakke", seit Douwstra.
Hy hopet mei it plan in foarbyld te wêzen foar oare feangreidegebieten yn Nederlân. "It is ek in moai foarbyld dat wy net allinnich mar helje by Brussel. Wy hawwe in nije systematyk betocht, mei de mienskip, mei oerheden en ek mei Wageningen Universiteit. Wy sjogge dit as in kadootsje oan Brussel fan 'sa moatte je dit dwaan'."