Subsydzje foar ûndersyk nei skea oan hûzen yn feangreidegebiet

It hûs fan Pieter en Ellen Dekker yn Spangea is flink skansearre
It hûs fan Pieter en Ellen Dekker yn Spangea is flink skansearre © Omrop Fryslân
Bewenners fan it Fryske feangreidegebiet kinne fan 9 jannewaris ôf subsydzje oanfreegje om ûndersyk dwaan te litten nei mooglike fundearringsskea oan harren hûs. Yn totaal leit der 330.000 euro klear.
De subsydzje is beskikber foar minsken yn it gebiet dy't in hûs ha dat foar 1970 boud is. Doe waarden wenningen nammentlik faak op houten peallen boud en dy ha it faakste lêst fan de skea.
De measte minsken kinne oant 80 prosint fan de ûndersykskosten fergoede krije, ta in maksimum fan 4.000 euro. Minsken mei in leger ynkommen kinne 7.500 euro werom krije.
De fundearringsskea oan hûzen yn de feangreidegebieten hâldt de polityk al jierren dwaande. De hûzen binne boud op feangreide, in grûnsoarte dy't lêst hat fan ferdrûging. As feangreide drûch komt te lizzen, begjint it te oksidearjen en dêrmei fersakket de grûn.
De fundearring fan de hûzen rint dêrtroch skea op en úteinlik kin in hûs ûnbewenber wurde.
De provinsje iepenet yn maart in loket dêr't minsken terjochte kinne mei fragen oer skea oan hûzen of oer psychologyske problemen dy't se troch de skea krigen ha.
Kommend jier is der ek in regeling dat minsken jild werom krije kinne foar it opknappen fan de fundearrings.