Fersakkingen fertsjinje 'nasjonale oanpak', mar minister wol earst in advys

Demisjonêr minister Hugo de Jonge © ANP

It fertsjinnet in 'nasjonale oanpak.' Dat sei demisjonêr minister Hugo de Jonge oer de fundearringsproblematyk, dy't derfoar soarget dat ek yn Fryslân huzen en pleatsen fersakje. Dochs wol hy noch net fuort ta de bûse.

De Jonge stelt net fuortendaalks jild beskikber foar hûsseigners mei skea, mar slút ek net út dat it Ryk dat yn 'e takomst wol dwaan moat. Hy wol earst advys ôfwachtsje fan de Raad voor Leefomgeving en Infrastructuur.

Dat makke de minister foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering tongersdei bekend yn de Twadde Keamer. "Het probleem is groot en wordt alleen maar groter. Dat vraagt om een nationale aanpak."

De fundearringsskea oan hûzen yn de feangreidegebieten hâldt de polityk al jierren dwaande. De hûzen binne boud op feangreide, in grûnsoarte dy't lêst hat fan ferdrûging. As feangreide drûch komt te lizzen, begjint it te oksidearjen en dêrmei fersakket de grûn.

De fundearring fan de hûzen rint dêrtroch skea op en úteinlik kin in hûs ûnbewenber wurde.

De Jonge wit op dit stuit noch net hoe't dy oanpak der krekt útsjen moat. "We moeten uitzoeken wie er verantwoordelijk is voor de problemen. Is dat alleen het Rijk, of zijn dat de overheden met elkaar?"

De Jong hat de Raad voor Leefomgeving in Infrastructuur frege om al yn maart advys út te bringen, sadat it nije kabinet hjir mei faasje mei oan de slach gean kin.

PvdA-Keamerlid Henk Nijboer © ANP

De gearkomste oer de fundearringsproblemen wie oanfrege troch Twadde Keamerlid Henk Nijboer fan de Partij van de Arbeid. Nijboer hat him de ôfrûne moannen yn it probleem ferdjippe en brocht doe ek in besite oan de bot fersakke pleats fan de famylje Dekker by Spangea yn Weststellingwerf.

"Het is heel triest om te zien hoe zo'n prachtig gebouw letterlijk kapot gaat door de lage grondwaterstand. Wij proberen in de Tweede Kamer echt om een oplossing te vinden voor deze familie en voor alle families in Nederland die getroffen zijn. Het Rijk moet de regie nemen en er moet echt geld bij om samen tot een oplossing te komen."

Yn alle bûtenmuorren fan it hûs fan de famylje Dekker sitte wol in pear skuorren © Omrop Fryslân

Pieter Dekker fan Spangea wennet mei syn húshâlding yn in histoaryske pleats dy't sa slim fersakke is, dat it gebou net mear te rêden is. Yn alle romten fan it gebou sitte skuorren, en der komme geregeld nije skuorren by.

"Het is een onveilig verklaarde boerderij. We zitten op dit moment in een traject met de gemeente om eruit te gaan dan wel te stutten. We kiezen voor tijdelijke woonunits en we zullen het voorhuis niet meer in mogen", fersuchtet Dekker sels.

"Juridyske poppekast"

Yn 't foar joech Dekker oan te hoopjen dat de Twadde Keamer de minister oantrúnje kin om in beslissing te nimmen: "Laten we hopen dat er een regeling komt die landelijk een oplossing biedt voor mensen met deze problemen. En dat er niet eindeloos honderden miljoenen euro's verdwijnen in juridische poppenkast, zoals in Groningen."

Pieter Dekker fan Spangea © Omrop Fryslân

In nij advys freegje oan de Raad van de Leefomgeving fielt foar Dekker as it foarútskowen fan de problemen. "Men wil de verantwoordelijkheid niet dragen. En als je weer onderzoeken laat doen, kun je misschien over je regeertermijn heen komen. Dan leg je de hete aardappel weer bij een ander op het bordje."

It draait om ferantwurdlikens

Nijboer is net tsjin in advys fan de Raad voor Leefomgeving en Infrastructuur. "Het is goed om te kijken naar de oorzaken. De situatie in de Friese veenweide is anders dan de rottende palen in Dordrecht en Gouda. Maar er moet ook Rijksgeld bij. Het is niet redelijk om van mensen te verwachten dat ze alle schade zelf betalen."

Yn Spangea giet it om flink wat skea © Omrop Fryslân

Om te foarkommen dat oerheden foaral nei oare oerheden wize om te besykjen sa min mooglik oan de skea te beteljen, stelde Nijboer foar om in Rykskommissaris te beneamen, dy't ûnôfhinklik optrede kin.

De Jonge wol kosten ferdiele

De Jonge is dêr net op tsjin, mar wol earst it advys ôfwachtsje. "Het Rijk zal de regie moeten pakken", seit de minister. "Als je dat niet doet weet je nu al dat woningeigenaren tussen wal en schip terecht komen. Wij moeten een eenduidig antwoord kunnen geven wie er verantwoordelijk is."

De Jonge heakket der oan ta dat dit net betsjut dat it Ryk automatysk alle skea betelje sil. De minister, en ek ferskate saakkundigen, tinke earder oan in 'ferdielkaai' wêrby't ferskate oerheden en ek de hûseigners elts in part fan de skea betelje.