Omrop Fryslân

Dit binne de acht finalisten fan sjongfestival Liet 2024

Melissa Pander, de winner fan de edysje fan ferline jier
© Piet Douma @pdf-grafie
De acht finalisten fan it Frysktalige sjongfestival Liet binne bekend. De act dy't wint, sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival en stiet yn 2025 op it poadium fan Aaipop.
De dielnimmers dy't yn de finale stride meie, binne Lotte & Berend, Haitze F. de Vries, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Fegebart, André van der Weide, Albert Meijer en Pietrik & Trynke.
De acht finalisten binne keazen troch in seleksjesjuery en troch stimmen fan it publyk. Foar de finale koe it publyk ien wildcard fuortjaan, wêrmei't de favoryt streekrjocht nei de finale gie.
Der binne goed 1.500 publyksstimmen útbrocht, inkelde hûnderten mear as ferline jier.
Alle finalisten fan Liet 2023 op it poadium
© Piet Douma @pdf-grafie
"Wy binne tige grutsk dat sa'n soad Friezen harren stim útbrocht ha", seit Liet-foarsitter Frans Veltman. "Ek dit jier ha we wer acht hiel ferskate acts, mei seker kânshawwers foar it winnen fan it Regio Songfestival."

Melissa Pander

Ferline jier wûn Melissa Pander de finale fan Liet mei har nûmer 'Foarby'. Dat skreau se oer it momint wêrop't se har freon moete. "It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet", sei Pander.
Melissa Pander mei 'Foarby':
Melissa Pander mei 'Foarby'
De finale fan Liet 2024 hat plak op 19 septimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Ek dan kin it publyk wer stimme, sawol yn de seal as online
Foar it liet mei de bêste songtekst leit de Gryt van Duinen-tekstpriis klear, neamd nei it Omrop-ikoan dat ferline jier ferstoar. De Fryske taal en it Frysk sjongfestival Liet wiene Van Duinen tige dierber.

Regio Songfestival

De winner fan it evenemint sil Fryslân en Omrop Fryslân dêrnei fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Maastricht. De twadde edysje fan dat sjongfestival is op 9 novimber dit jier. Eltse regionale omrop leveret in eigen kandidaat; de ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden.
De finale fan it Frysk sjongfestival Liet 2024 op 19 septimber is ek live te sjen by Omrop Fryslân, fia telefyzje en online fan 19.30 oere ôf.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.