Melissa Pander wint Liet en mei Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival

Melissa Pander hat Liet 2023 wûn mei it nûmer 'Foarby'. Pander mei Fryslân no fertsjintwurdigje by de earste edysje fan it Regio Songfestival.
'Foarby' is in leafdesferske. It giet oer it momint wêrop't se har freon moete. "It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet", seit Pander.
Melissa Pander mei 'Foarby'
Oan de finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn dienen acht acts mei. De winner waard bepaald troch in kombinaasje fan sjuery- en publyksstimmen.
It resultaat fan de sjuery besteande út de Fryske skriuwer Gabriëlle Terpstra, muzikant GINGE, muzyksjoernalist Wim Brons en de eardere Aaipop-programmeur Pieter de Boer telde foar 80 persint mei. De publyksstimmen foarmen de oare 20 persint.
Elts sjuerylid joech tsien punten oan de act dy't se it bêste fûnen, acht foar de nûmer twa en seis oant en mei ien foar de ferskes dêrûnder. Ek alle publyksstimmen waarden omrekkene nei ien sa'n setsje punten. Yn totaal hawwe likernôch 1.500 minsken stimd.

Melissa Pander krige yn totaal 46 punten. 36 fan de sjuery en 10 fan it publyk. Dêrmei bleau se nûmer twa Grymtosk (31 punten) rom foar.
It momint wêrop't de winner bekend makke wurdt
DEUN VAN SEUN makke it poadium kompleet. Sy hellen 30 punten.
De einútslach fan Liet 2023
Startposysje | Artyst | Nûmer | Tal punten |
01 | De Mann' | Mei dy | 12 |
02 | Samar Watt | Coaches | 14 |
03 | Bone of Contention | Ljocht is fuort | 26 |
04 | Volk!! | Dûnsje! | 19 |
05 | Melissa Pander | Foarby | 46 |
06 | Grymtosk | Mei myn maten yn 'e hel | 31 |
07 | Ms T Mar Jazz | Bist dan by my | 17 |
08 | DEUN VAN SEUN | Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?! | 30 |
Pander mei Fryslân no fertsjintwurdigje by de allerearste edysje fan it Regio Songfestival. Trettjin regionale omroppen furdigje allegear in kandidaat ôf. It Regio Songfestival wurdt op 4 novimber holden yn de Stadsschouwburg yn Utrecht.
Dêrnjonken mei Pander ek meidwaan oan Liet International, it sjongfestival foar minderheidstalen. Dat festival stiet foar 2024 op it programma.
DEUN VAN SEUN wûn de Gryt van Duinen-tekstpriis foar de moaiste tekst fan alle ferskes. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. Kultuerdeputearre Sijbe Knol rikte de priis digitaal út.